Koarnwertermûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Koarnwertermûne yn 2008

De Koarnwertermûne is in poldermûne ten súdeasten fan it doarp Koarnwert, yn de gemeente Wûnseradiel. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

De Koarnwertermûne, dy't oan de Koarnwerter Feart stiet, waard yn 1907 boud foar it bemeallen fan it Wetterskip Koarnwert. Dizze polder wie it resultaat fan de gearfoeging fan fiif lytsere polders. De bou fan de Koarnwertermûne makke de fiif mûnen dy't dêrfoar meald hiene oerstallich: se waarden dêrom sloopt. Neidat in swiere stoarm yn de nacht fan 12 op 13 novimber 1972 swiere skea feroarsake hie oan de Koarnwertermûne, krige de fizel fan de mûne elektryske oandriuwing. De mole waard net wer opknapt en rekke yn ferfal, oant er yn 1999 restaurearre waard. Hy is sûnttiid wer mealree en wurket geregeld op basis fan frijwilligers.

De Koarnwertermûne is eigendom fan it Wetterskip Fryslân.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]