Koarnwerter Feart

Ut Wikipedy

De Koarnwerter Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan Hou by it begjin fan de Ofslútdyk efter de Iselmardyk nei it suden lâns Koarnwert. By Sotterum bûcht de feart ôf nei it easten en komt besuden Wûns út yn de Molkfeart.

De namme Koarnwerter Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kornwerdervaart'.