Koaikerhûntsje
It koaikerhûntsje, ek wol koaikerke neamd, is in oarspronklik Nederlânsk, sûnt 1966 offisjeel erkend hûneras. Koaikerhûnen hâlde fan boartsjen en wetter. Se binne geskikt as selskipshûn.
[bewurkje seksje] Uterlik
It koaikerke hat in skofthichte fan 35 oant 42 sm, in middellange facht mei readbrune platen en in grutte plomsturt, mei faak brune plommen en in swarte ring. Oan de punten fan de earen sitte swarte hieren, de saneamde earbellen. De eagen binne donkerbrún en mangelfoarmich. It ideale gewicht foar in koaikerhûn is 13 à 15 kg.
[bewurkje seksje] Wurk
Eartiids waard hy ynsetten yn de einekoai en holp de koaiker(troch syn grutte plomsturt) mei it binnenlokjen fan wylde einen. Tsjintwurdich binne der net folle einekoaien mear. Ter ferfanging fan dit wurk kinne se goed treend wurde yn spultsjes as apportearen en handichheid.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Koaikerhûntsje en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |