Klovis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Doop fan Klovis (midsieusk miniatuer út Vie de saint Denis, Bibliothèque nationale de France.)


Klovis of Klodovech I (465, Doarnik - 511, Parys) wie kening fan de Franken dy't alle fersprate Frankyske stammen tegearre brocht ûnder ien keningskip en it eardere Romeinske Galje yn syn macht krige. Hy wie de âldste soan fan Gilderik I, in stamhaad fan de Salyske Franken en nei alle gedachten in generaal ûnder de de West-Romeinske keizer Majorianus en de legeroanfierder Aegidius.

Oermastering fan Galje[bewurkje seksje | edit source]

Syagrius[bewurkje seksje | edit source]

As 16-jierrige 481 folge Klovis syn heit op as kening fan de Salyske Franken yn Doarnik. Oan it begjin fan syn bewâld hied er mar de beskikking oer in lyts machtsgebiet mar lyts en wie hieltyd yn kriich mei oare, diels oan him besibbe hartoggen, haadlingen fan oanbuorjende Salyske stammen. Bekend binne Gararik en Ragnagar, dy't yn Kamerijk harren machtsbasis hienen. Klovis slagge der yn de omringjende Saaljers oan him te binen en kearde him doe tsjin it Gallo-Romeinske ryk. Yn 486 en fersloech er Syagrius by Soissons. Hjirtroch wreide er syn machtsgebiet út oant de Loire.

Klovis wurdt doopt.

De Allemannen[bewurkje seksje | edit source]

Oanmoedige troch syn súkses befocht hy syn bûnsmaten, de Allemannen. Yn alle ferovere gebieten liet er de hiele manlike line oan hearskers útroegje, om de ûnbetwiste hearskippij te krijen. Yn 496 bekearde er him ta it Kristendom. Nei alle gedachten wie dat út suver eigenbelang, om't de tjerke sa syn bretale opkommen gewurde litte soe. De Allemannen lûken dat jier fan harren thúsbasis Worms út nei de Ryn en bedrigen de kening fan Keulen, fan de Ripuaryske Franken. De Keulske kening Sigebert rôp de help yn fan de Salyske Franken en Klovis gong op paad mei in leger fan Doornik, oer de hearbaan Bavay - Tongeren - Keulen. Dêr't de hearbanen Bavay - Keulen en Straatsbuorch - Keulen by inoar kamen, kaam it tichtby Tolbiak, no Zülpich, ta in treffen. Neffens de oerlevering bidde Klovis ta de kristlike God fan syn frou Klotilde. De Franken wûnen de slach en fersloegen dêrmei de Allemannen foargoed.

De Fisigoaten[bewurkje seksje | edit source]

Yn 500 fersloech Klovis de Boergonden en yn 507 de Fisigoatyske kening Alarik II, yn de Slach fan Fouillé. Dêrmei kaam hiel Galje yn syn macht. Klovis kringe fierder troch oan Bordeaux oan ta. Hy berikke lykwols nea de Middellânske See; Septimaanje bleau yn Goatyske hannen. Syn status waard fierder fergrutte trochdat hy fan keizer Anastasius, dy´t Klovis as bûnsmaat oan harren bine woe yn de striid tsjin de Ostrogoaten, in diadeem en mantel krige, wat him yn de eagen fan syn Gallo-Romeinske ûnderdanen dochs wol wat legitimiteit joech.

Kening fan alle Franken[bewurkje seksje | edit source]

Nei syn oermastering fan it Gallo-Romeinske Ryk sette Klovis alle Salyske hearskers oan 'e kant, ek dyjingen dy't him stipe hienen tsjin Syagrius, ûnder oaren Gararik. Ek syn sibben Ragnagar, Rikgar en Rignomer skode er oan 'e kant. Dêrnei luts er op tsjin de Ripuaryske Franken. Lang om let foel yn 510 ek it lêste ûnôfhinklike Ripuaryske foarstenhûs yn hannen, dat fan Keulen, neidat er troch yntriges in opstân ûntketene, wêryn't de âlde kening troch syn eigen soan fermoarde waard.

Neitiid[bewurkje seksje | edit source]

Nei syn dea waard it Frankyske Ryk ferdield, neffens Salysk rjocht, ûnder syn soannen Teuderik I (Reims), Gildebert I (Parys), Klodomer (Orléans) en Klotarius I (Soissons).