Klodomer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De dea fan Sigismund

Klodomer (495 - 524) wie Frankysk kening fan Orléans fan 511 oant syn dea. Hy wie de twadde yn âldens fan de fjouwer soannen fan kening Klovis I en Klotilde en ferkrige by de ferparting fan it ryk fan syn heit Orléans tawiisd. Klodomer wie boaske mei keninginne Gunteuka en hienen tegearre trije bern.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Op inisjatyf fan harren mem Klotilde, dy't sels in Boergondyske prinses wie, luts Klodomer yn 523 mei syn bruorren Gildebert en Klotarius op tsjin de twa regearjende Boergondyske foarsten, Sigismund en Godomar, soannen fan Gundobad en neven fan de trije Frankyske keningsbruorren. Nei in koarte kriich witte sy de Boergonden te ferslaan. Sigismund wurdt finzen nommen, mar Godomar ûntsnapt en mei help fan de Ostrogoaten slagget dy deryn te ferhinderjen dat de Franken it keninkryk fan de Boergonden ferôverje.

Klodomer beslút twaris de Boergonden oan te fallen. Earst lit er Sigismund mei syn frou en bern fermoardzje en yn in djippe put smite (wêrmei hy ûnbedoeld de fermoarde kening ta hillige makket) [1]. Dan hellet er syn healbroer Teuderik oer mei te dwaan oan de nije oanfal op Boergonje. Tegearre falle sy Godomar oan, mar yn de slach fan Vézeronce wurde sy troch him ferslein en sneuvelet Klodomer.

De twa jongere bruorren fan Klodomer, Gildebert, kening fan Parys en Klotarius of Klotar, kening fan Neustrje meitsje ferfolgens plannen om Boergonje te oermasterjen, mar omdat Teuderik net meidwaan wol wurdt de fjildtocht ôfbrutsen en dêrom beslute sy it ryk fan har sneuvele broer ûnder elkoar te ferdielen. Klotarius nimt Klodomer syn widdo ta frou en deadet de âldste twa soannen fan syn broer, de tsien jier âlde Teudoald en Guntar dy't sân jier is. De jongste Klodowald lit er yn libben en lit er opslute yn in kleaster.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Edward James, De Franken, Baarn-1988.

Midsieuske boarne:

Fuotnoat:

  1. E. James (1988), "De Franken, side 103.