Klezmer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Klezmer is fan orizjine muzyk fan de jiddysk pratende joaden yn benammen East-Jeropa.

Oarsprong[bewurkje seksje | edit source]

De jiddyske beneaming klezmer fynt syn oarsprong yn twa âld-hebrieuske wurden: kley (ark) en zemer (muzykje). De klezmermuzikanten of klezmorim spilen/spylje foaral op brulloften. Dêr waard benammen in soad dûnsmuzyk spile (bulgars, freilachs, khossidls en shers). Typearjend yn de measte klezmer is de kombinaasje fan in laits en in trien; gauris fleurige muzyk dy't by neier skôgjen dochs yn in (wizige) mineur toanljedder blykt te stean. Wat net daliks betsjut dat de muzyk in tryste sfear efter lit.

Ynstrumintaasje[bewurkje seksje | edit source]

Fan âlds wiene benammen snaarynstruminten lyykas de fioele brûkt, mei as begelieding kontrabas en inkeld symbalom. Letter (nei ± 1900 komt dêr foaral de klarinet as meldijynstrumint by. Akkordeon en Piano folje faak de begelieding yn, inkeld oanfolle mei in drumstel. Yn hjoeddeiske klezmerensembles is neist de neamde ynstruminten ek gauris it nedige koper te hearren (trompet, tromboane, tuba). Yn de wize fan spyljen wurdt de minsklike stim faak neidien, dy't by de jiddyske muzyk op karakteristike wize 'brekt' (it krechts'n). Op in meldijynstrumint lykas de fioele wurdt dat neidien troch de snaar mei in finger tusken in terts of kwart heger efkes licht oan te reitsjen. Ek wurde in soad glissando brûkt.

Klezmermuzyk hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Klezmer as oantsjutting foar de muzykstyl is earst sûnt it weroplibjen fan de klezmer yn de santiger jierren yn swang rekke, en is hjoed de dei (2007) in smeltkroes fan stilen. Yn de klezmermuzyk binne neist in soad Balkanynfloeden (Roemeenske, Bulgaarske, Russyske, Grykske ek oriïntaalske en sigeunerynfloeden werom te finen. Begjin 21e ieu binne dêr it jiddysk teater en wer letter de jazz bykommen. Yn de lêste jierren wurde ek moderne ynfloeden (Dance, Punk) weromfûn. De muzyk dy't ûntstiet is goed op te dûnsjen en live is der meast in goede sfear as sa'n band spilet. Foarbylden fan ditsoarte bands binne Gogol Bordello, Oi Va Voi, Gypsy.CZ, Mahalla Rai Banda Amsterdam Klezmer Band en Ot Azoj Klezmerband.

Klezmermuzyk en jiddyske muzyk binne nau meiïnoar ferbûn; de measte teksten lykas se yn klezmermuzyk songen wurde komme út it jiddysk.