Genezareth-Kleasterpoldermûne

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kleasterpoldermûne)
Genezareth-Kleasterpoldermûne
mûne / mole
De mûne yn oktober 2022
De mûne yn oktober 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Hallum
adres Trekwei
koördinaten 53° 17'N 5° 49'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 15,92 meter
boujier 1850
oare ynformaasje
eigner De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15642 [1]
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Genezareth-Kleasterpoldermûne (Fryslân)
Genezareth-Kleasterpoldermûne

De Genezareth-Kleasterpoldermûne is in poldermûne oan de Trekwei, súdeastlik fan Hallum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kleasterpoldermûne Genezareth, in mealreeë grûnsiler stiet likernôch trije kilometer súdeast fan Hallum oan de Hallumer Feart. Hy waard yn 1850 boud foar de bemealling fan de polder Genezareth, dy't ek de Kleasterpolder neamd wurdt. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, reiddutsen en in flecht fan 15,92 m.

Yn 1976 waard de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole. Hy waard yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst. De mûne is op ôfspraak te besichtigjen.

De mûne krige yn 2017 nije roeden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: