Klaverke Fjouwer

Ut Wikipedy

Klaverke Fjouwer is in priis foar dy keatsers dy't de fjouwer wichtichste keatspartijen wûn hawwe: De Freulepartij Wommels, de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. De priis is ynsteld troch de PC.

Winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant no ta binne der mar trettjin keatsers dy't der yn slagge binne dizze fjouwer partijen op har namme te bringen. Foar har nammen stiet it jiertal wêryn de fjirde fan de neamde partijen wûn is:

Jier Namme Freule   Jong
Nederlân
 Bûn     PC     
1920 Ids Jousma 1916 1918 1920 1920
1923 Taede Zijlstra 1917 1917 1923 1920
1928 Klaas W. Kooistra 1919 1920 1921 1928
1947 Frans Helfrich 1936 1938 1947 1942
1960 Dirk van der Zee 1953 1956 1959 1960
1974 André Roosenburg 1968 1973 1974 1972
1976 Johannes Westra 1960 1964 1976 1968
1989 Joop Bierma 1978 1982 1982 1989
1991 Erik Seerden 1987 1991 1991 1991
2002 Jacob Wassenaar 1996 2000 2001 2002
2003 Cornelis Terpstra 1997 2000 2003 2002
2004 Auke van der Graaf 1994 1996 2004 1998
2017 Hans Wassenaar 2007 2009 2017 2016

Bysûnderheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ids Jousma en Erik Seerden binne fan dizze 13 dejingen dy't it Klaverke Fjouwer it hurdst yn harren besit hienen. Fjouwer jier nei it winnen fan de Freule wûnen hja de Bûnspartij en de PC. Ids Jousma hie ûnderwilens de Jong Nederlânpartij wûn, Seerden wûn dy yn itselde jier as de oare twa.

Froulju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ekwivalint fan it Klaverke Fjouwer foar froulju is de Fjouwer Wimpels.