Klaudius Goatikus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Klaudius II, ôfbyld út 268/269

Klaudius Goatikus of Klaudius II (Latyn: Marcus Aurelius Valerius Claudius; 10 maaie 214 - jannewaris 270) wie keizer fan Rome fan 268 oant 270.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Klaudius syn komôf is ûndúdlik. Nei gedachten waard er berne yn Syrmia (Sirmium; yn Neder-Pannoanje). Hy tsjinne as tribún ûnder Desius en Falerianus I, en waard troch de lêste beneamd as oerbefelhawwer yn Illyricum. Klaudius waard keizer doe't hy tegearre mei Aurelianus yn septimber 268 in koup belei tsjin keizer Gallienus.

It keizerskip fan Klaudius hat foar in grut part út oarlochfiere bestean. Syn regear set útein mei in opstân fan it leger yn Mediolanum (Milaan) dy't hy allinnich delslaan koe troch de soldaten jild ta te sizzen fan 20 aurei de man. Wylst de Romeinen yn Mediolanum mei-inoar fochten, kamen yn it noarden de Allemannen, in Germaansk folk, oer de Brennerpas it ryk ynfallen. Yn de lette hjerst fan 268 kaam it ta in fjildslach by it Gardamar tsjin de Alemannen. Dêr brocht it leger fan Klaudius harren sa'n ferpletterjende nederlaach ta dat de helte mar fan de tsjinstanner it slachfjild libbend ferlitte koe. Fuort dêrnei moast Klaudius weromkeare nei Rome om't nije swierrichheden yn Galje syn omtinken fregen.

Klaudius stjoerde syn freon Aurelianus mei troepen nei it suden fan Galje ta. Aurlianus slagge it om de kontreien eastlik fan de Rhône wer oan it Romeinske Ryk ta te foegjen. Klaudius berrikke yn Spanje itselde resultaat mei ûnderhandelings. It ferfal fan it ryk koe dêrtroch tydlik opkeard wurde.

Wilens soargen de Goaten foar grutte problemen op de Balkan. Klaudius gie mei syn troepen dêrhinne en helle flakby Marsianopolis in skitterjende oerwinning. Dy oerwinning besoarge him de taheaksel "Goatikus". Lykwols wienen de problemen dêrmei noch net oplost. Nije ynfallen fan de Goaten moasten tsjinhâlden wurden en fierders wie der in soad ûnrêst yn it easten, dêr't Keningin Senobia fan Palmyra yn 269 de Romeinske gebieten ynfallen wie. Har troepen hiene de seehaven fan Egypte, Aleksandrje, oermastere en dêrmei wie de foar Rome sa wichtige nôt-oanfier ôfsnien. Dêrnei stjoerde sy har legers nei it noarden ta en oermastere grutte stikken Romeinsk grûngebiet yn Asia Minor (Turkije). Klaudius, dy't op 'e Balkan genôch te stellen hie mei de Goaten, koe in oarloch yn it easten dernet by hawwe. Hy wie twongen om frede mei har te sluten.

Klaudius hat mei noch mear oarloggen te krijen hawn; der kamen noch ynfallen yn Brittanje, Raetia en yn Pannoanje by. Om al dy problemen yn it ryk oan te kinnen, liet Klaudius de striid tsjin de Goaten oer oan Aurelianus en sels gong er nei Sirmium. De pest, dy't de Goaten grutte ferliezen tabrocht hie, briek dêr út yn syn eigen leger. Klaudius rekke sels besmet en ferstoar yn jannewaris 270. Alhoewol't hy mar twa jier keizer west hie, waard syn dea tige betreure troch de Romeinske senaat en it leger. Dêrom waard er fuortendaliks godlik ferklearre nei syn dea.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]