Klaas Vaak

Ut Wikipedy
Ole Lukøje 't in mearke fan Hans Christian Andersen
It mantsje fan de moanne besiket lytse Nemo yn 'e sliep te krijen

Klaas Vaak, of it Sânmantsje, is de namme fan in kabouter dy't komme soe om bern inkelde kerrels sliepsân yn de eagen te struien, op't se sliepe sille.

It bewiis dêrfan is dat der moarns sânkerrels yn de eachhoeken sitte. Dêrom moat men dan moarns goed it gesicht waskje om it sân fuort te krijen. De namme Vaak komt wierskynlik fan de âlde Nederlânske útdrukking vaak hebben at slaap hebben bedoeld wurdt.

It Sânmantsje wennet op de moanne.

John Blund[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Blund is de Sweedske fariant op Klaas Vaak en is as figuer dy't de bern helpt om yn 'e sliep te kommen van oarsprong te finen yn ien fan de mearkes fan Hans Christian Andersen, mar is yn in protte berneboeken de hiele wrâld oergien.

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1965-1966 stjoerde de NOS eltse dei yn de iere jûn "Klaas Vaak" (Das Sandmännchen) út, in TV-searje dy't fan oarsprong út de doetiidse East-Dútslân kaam, wêr't de SFB it fan 1959 ôf útstjoerde, betocht troch Ilse Obrig.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]