Klaas Runia

Ut Wikipedy
Klaas Runia yn 1968

Klaas Runia (Aldskoat, 7 maaie 1926 - Kampen, 14 oktober 2006) wie in grifformearde dûmny, teolooch en sjoernalist.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy hearde ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân (tsjintwurdich ûnderdiel fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân) en wie jierrenlang heechlearaar oan de Teologyske Hegeskoalle Kampen (Oudestraat) (tsjintwurdich Teologyske Universiteit Kampen). Runia kaam út in húshâlding fan sân bern. Nei it gymnasium studearre hy fanôf de twadde helte fan 1945 oan de Frije Universiteit Amsterdam teology en studearre al ôf mei 21 jier. Yn 1949 waard er dûmny yn Marknesse. Yn 1950 troude hy mei de predikantsdochter Riek Feenstra, en waard yn 1952 dûmny yn Dokkum. Yn 1955 promovearre hy oan de Amsterdamse Frije Universiteit by professor Gerrit Cornelis Berkouwer op in proefskrift oer de Switserske teolooch Karl Barth. Syn dissertaasje hie as titel "De Theologische tijd bij Karl Barth".

Yn 1956 krige er syn earste heechlearaarskip: hy waard heechlearaar oan The Reformed Theological College yn it Australyske plak Geelong. Yn 1971 waard Runia yn Kampen it heechlearaar oan de grifformearde Teologyske Hegeskoalle. Hy dosearde dêr praktyske teology en gie yn 1992 mei emeritaat.

Neist it heechlearaarskip wie Runia ek sjoernalistyk aktyf. Jierrenlang ferskynden der berjochten fan syn hân yn it Frysk Deiblêd en it Centraal Weekblad. Fan 1972 oant 1996 wie hy as haadredakteur oan it lêste ferbûn. Syn bydragen behandelden ferskate kristlike ûnderwerpen wêryn't hy him ôfsette tsjin de saneamde moderne teology.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De theologische tijd bij Karl Barth, 1955, proefskrift
  • Het hoge Woord in de lage landen, 1985
  • Waar blijft de kerk?, 1988
  • Wegen en doolwegen in de nieuwere theologie, 1993
  • De zondag onder druk, 1996
  • Op zoek naar de Geest, 2000

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: