Klaas Jeltes Hornstra

Ut Wikipedy

Klaas Jeltes Hornstra (It Oranjewâld, 5 novimber 1846 - Aldskoat, 25 oktober 1911) wie ien fan de oprjochters fan it molkfabryk en earmfâd yn Aldskoat.

Hornstra wie foarsitter fan de kommisje dy't krewearre foar in koöperative molkfabryk yn Aldskoat. Yn de doe sa ûngeunstige tiid waard in gearwurking sjoen om soks klear te krijen. It fabryk waard oprjchte yn 1900. Fan de feriening dy't it fabryk yn it wurk hold wie Hornstra inkele jierren foarsitter. Hy hat jierrenlang earmfâd west fan it boargerlik earmbestjoer fan Skoatterlân.

By syn stribjen nei it molkfabryk hie Hornstra de folle steun fan syn lânhear, de hear J. Bieruma Oosting, dy't pro deo ôfstân die fan de foar de bou fan it fabryk needsaaklike grûn. Meiwurkers fan Hornstra wienen de feehâlders Piet Hofstee, Hans Hoekstra en Watse Hepkema. Tsjinwurking krigen se fan Auke Snijder (feehâlder by de draai oer de Engelenfeart), dy't nammers syn lânhear jonkhear Mr. Engelen yn Ljouwert war die foar in molkfabryk oan de Engelenfeart. De geunstiger, mear sintraal lizzende posysje fan Aldskoat hat op it lêst de trochslach jûn. It fabryk is yn 1964 opheft nei in fúzje mei oare molkfabriken.