Klaas Hendrikse
Klaas Hendrikse (Groot-Ammers, 1947) is in Nederlânske frijsinnige predikant yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) yn Middelburch en Zierikzee. Hy is bekend wurden as 'de ateïstyske dûmny'.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libben
Hendrikse is opgroeid yn in húshâlding dêr't net leaud waard, yn de Alblasserwaard. Syn heit wie bistearts. Hendrikse folge fan 1961 oant 1966 de hbs yn Gorinchem. Dêrnei studearre er oan Nijenrode (1968-1970) en oan de Michigan State University (1971-1972).
Fan 1972 oant 1983 wie er oan't wurk by kopieermasinefabrikant Xerox. Hy krige niget oan religy, dat fan 1977 oant 1983 studearre er teology oan de Ryksuniversiteit Utert en waard dêrnei predikant.
Yn 2006 ûntfâlde er yn ferskate media, ûnder oaren yn it Algemien Deiblêd, Trouw en de Folkskrante, dat er net yn it bestean fan in persoanlike God leauwde.[1] Yn de PKN en oare tsjerken joech dat in soad opskuor.[2] [3] [4].
Op 24 juny 2009 stie yn it "Nederlands Dagblad" dat de tsjerkeried fan Zierikzee fan betinken wie dat Hendrikse de fûneminten fan de tsjerke net oantaaste.[5].
[bewurkje seksje] Sitaat
| “ | God is foar my net in wêzen, mar in wurd foar wat der tusken minsken barre kin." | ” |
[bewurkje seksje] Boeken
- Geloven in een God die niet bestaat. Manifest van een atheïstische dominee, 2007, 204 siden., Utjouwerij Nieuw Amsterdam - Amsterdam, ISBN 978-90-468-0308-0
- God bestaat niet en Jezus is zijn zoon, 2011, 208 s., Nieuw Amsterdam - Amsterdam, ISBN 978-90-468-1134-4
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Klaas Hendrikse (ynterview, mei foto), tv-útstjoering Het Vermoeden, IKON, 9 feb 2008
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|