Kittitas (Washington)

Ut Wikipedy
Kittitas
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Kittitas County
Sifers
Ynwennertal 1381 (2010)
Oerflak 1,97 km²
Befolkingsticht. 701,6 / km²
Hichte 502 m
Oar
Stifting 1883
Postkoade 98934
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
cityofkittitas.com
Postkaartfoto fan in Milwaukee Road-trein yn de Kittitas Fallei om 1915.
Kittitas

Kittitas is in plak (city) yn Kittitas County yn de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it plak 1381 ynwenners en yn 2012 neffens in rûzing 1450. It leit 10 km eastlik fan Ellensburg. De namme komt fan de yndianestam fan de Kittitas. Der binne ferskate fertalings hjirfan. It betsjut sokssawat as 'wite kryt' oant 'skealjestien' oant 'sânbank minsken' oant 'lân fan in soad'. Men wit net wis, mar alle fertalings hawwe in soarte wurdichheid yn harren.

It plak wie stifte yn 1883 en it waard in gemeente op 9 desimber 1931. It plak waard stifte yn it ramt fan de westlike útwreiding fan it Chicago, Milwaukee, St. Paul en Pasifik Spoar, yn folksmûle faaks The Milwaukee Road neamd en is stifte yn 1847. Yn 1905 de Milwaukee Road sette nije spoarwegen útein fan Chicago nei Seattle. Op deselde tiid wie besletten om de nije linen te elektrifisearjen en litte de treinen effisjinter rinne. De Kittitas Yard and Depot, it stasjon, waard al rillegau it sintrum fan de nije mienskip. In postkantoar, keaphannelhûzen, in baptiste tsjerke, in drogisterij, agraryske warehûzen en oare saken ûntjoegen harren om it stasjon hinne. Kittitas waard sa ferbûn mei oare mienskippen. Lânbougrûn waard ek fierder ûntjûn om it plak hinne trochdat bewettering mooglik makke waard om de drûge grûnen te bewetterjen. Troch de spoarferbining kinne boeren harren produkten goed ferkeapje nei oare plakken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kittitas webside