Kiki Dee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kiki Dee yn 1974.
Kikki Dee (rj.) yn de Royal Albert Hall, 2009

Kiki Dee, skûlnamme fan Pauline Matthews, (Bradford, 6 maart 1947) is in Ingelske sjongster en lieteskriuwster.

Lette jierren '60 waard sy ferneamd as blanke soulsjongster. Sy wie de earste Britske sjongster dy't in kontrakt krige by it soullabel Motown (yn 1970). Kommersjeel súkses kaam lykwols earst doe't sy oergie nei Elton John syn platelabel Rocket Records. Mei de ballade "Amoureuse" helle sy yn 1973 nûmer 13 yn Ingelân. Yn dy tiid hie sy ek har grutste hits: "I've got the music in me" (1974), it duet "Don't go breaking my heart" (1976) mei Elton John (dat in hit waard yn Jeropa én Amearika) en "Star" (1981).

Fan 1984 ôf die sy ek mei yn (West End-)musikals.

Sûnt mids jierren '90 foarmet sy in duo mei gitarist, komponist en produsint Carmelo Luggeri, mei wa't sy trije CD's útbrocht en fierders fral yn it Britske schnabbelsirkwy optredet.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 1968: Kiki Dee
  • 1970: Great Expectations
  • 1973: Loving & Free
  • 1974: I've Got the Music in Me
  • 1974: Patterns
  • 1977: Kiki Dee
  • 1979: Stay With Me
  • 1980: Kiki Dee's Greatest Hits
  • 1981: Perfect Timing
  • 1987: Angel Eyes
  • 1991: Spotlight on Kiki Dee Greatest Hits
  • 1994: The Very Best of Kiki Dee
  • 1995: Almost Naked
  • 1998: Where Rivers Meet
  • 2005: The Walk of Faith

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]