Kerstening fan de Friezen
De kerstening fan de Friezen wie it proses der't de Friezen harren heidenske leauwen loslieten en ynruilen foar it leauwen yn Jesus Kristus. Dit kerstenjen barde yn in tiidrek fan om-ende-by in ieu en begûn op 'e ein fan de 7e ieu en wie op 'e ein fan de 8e ieu folslein.
Oer it generaal wie it in proses dat hiel stadich ferrûn, mar der binne ek koarte perioden west fan weromfallen nei it âlde leauwen, lykas yn de jierren 714-719 doe't Willibrord flechte moast; yn 754 doe't Bonifatius mei syn maten yn Dokkum fermoarde waard en yn 782 by de opstân fan de Friezen en Saksen. De kerstening fan de Friezen gong foaral lykop mei de útwreiding fan it Frankyske Ryk.
[bewurkje seksje] De earste sindingsaktiviteiten
De earste missyaktiviteiten yn it Fryske gebiet barden om-ende-by 630 te noarden fan de Ryn. Troch de Frankyske Dagobert waard doe in tsjerkje boud op de restanten fan in Romeinsk kastiel yn Utert en waard wijde oan Sint Marten. Fan dat tsjerkje waard de missy ûnder de Friezen útein set.
Om 650 hinne kaam in ein oan dizze missyaktiviteiten doe't de Friezen de Franken ferdreaun en der wer in Fryske kening yn Utert hearske. Yn dy kriich waard it tsjerke troch de Friezen ferwoaste. Inkele desennia letter setelt kening Aldgilles yn Utert. Yn 678 komt Wilfried, de biskop fan York by him oan it hof en ferbleau foar langere tiid yn Fryslân as gast fan de kening. Hy lûkt it lân yn om te preekjen en brocht, sa seit syn libbensbeskriuwing, in protte ta it leauwen.
De komst fan de Wytsingen en har oanhâldende ynfallen yn de 9e en 10e ieu soargen foar ûntwrichting fan it libben en ûntregele dêrmei de ûntwikkeling fan it kristendom yn Fresia. Dochs ferrize mei help fanút grutte Frankyske kleasters en biskoplike sintra wol oeral houten tsjerkjes. Lykwols soe it oant de twadde helte fan de 12e ieu duorje ear't yn Frisia sprake wie fan in yntinsyf geastlik libben. Pas dan wurde de earste kleasters yn Fryslân stifte.