Keizergoes

Ut Wikipedy
keizergoes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai guozzen (Anser)
soarte
Anser canagicus
Sevastianov, 1802
IUCN-status: gefoelich

De keizergoes (Anser canagicus) is in fûgel út de famylje fan de Einfûgels. Dizze goes is wat dûbelter as de oare guozzen, mei yn ferhâlding wat koarte poaten. De fûgels hawwe in wite kop mei in donkergrize hals. Fierder hawwe se grize fearren mei donkere en ljochtere streken.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Keizergoes briedt rûnom de Beringsee. Yn Alaska oan de eastkant en yn Kamtsjatkaskiereilân oan de westkant. De fûgels oerwinterje meast op de Aleoeten oan de súdkant fan de Beringsee.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Keizerguozzen komme healwei maaie, begjin juny yn harren briedgebiet oan. Der wurdt in nêst boud fan plantemateriaal wêryn 4-7 aaien lein wurde. Nei sa'n 25 dagen brieden komme de aaien út. Heal augustus geane de fûgels wer op wei nei harren oerwintergebiet.

Aaien fan 'e keizergoes.