Keimpetille (mûne)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Keimpetille yn 2008

De Keimpetille (yn it Nederlânsk ek Kingmatille) is in poldermole besúdwesten it doarp Dronryp yn de gemeente Menameradiel.

De Keimpetille, in grûnsiler dy't fan oarsprong út 1870 is, waard yn 1987 op syn hjoeddeiske stee tichtby it Van Harinxmakanaal setten, wêr't hy de Hatsumerpolder bemealt. It is in houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid en in flecht fan 13,00 m. De mole is dêrneist ek mealree yn sirkwy. De wipstôk fan de Keimpetille is fersierd mei in ienhoarn. Yn 1991 waard de mole, dy't eigendom is fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel, foar it lêst restaurearre. Hy is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]