Keimpe fan Martena

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skilderij fan Keimpe fan Martena, Frysk Museum yn Ljouwert

Keimpe Doeckes fan Martena (Koarnjum, ± 1487 - 8 novimber 1538?) wie histoarikus en jurist. Troch him is de skiednis fan Fryslân beskreaun dat it tiidrek tusken 1498-1530 beslacht, it tiidrek dat bekend stiet as de Saksentiid. Hy is in neef fan Hessel fan Martena.

[bewurkje seksje] Skiednis

Keimpe fan Martena waard berne yn in ferneamd Frysk laach út Koarnjum. Syn heit wie Doecke fan Martena, de âldere broer fan Hessel fan Martena. Keipe is twaris troud west, earst mei Peye Lieuwesdr út Grinslân en letter mei Anna fan Walta. Hy studearre letteren yn 1508 te Orléans en faaks ek rjochten yn (Leuven, Bologna). Karel V, waans partij er keas, beneamde him yn 1515 as riedshear yn it Hof fan Fryslân en sloech him ta ridder.

Op it hjit fan de Steaten fan Fryslân op 27 febrewaris 1528 skreau Martena it Annael of Lânboek dêr't alle wichtige foarfallen út de tiid troch him yn beskreaun binne. Hy die der trije jier oer. Maretena ferstoar nei alle gedachten yn 1538 en waard te hof brocht yn de Galieërtsjerke te Ljouwert.

Yn Koarnjum bewenne Keimpe de Martenastate dat sjoen wurde kin as it stamguod fan de aadlike famylje Martena.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vries, O., B.S. Hempenius-van Dijk, en P. Nieuwland, P. Baks. De Heeren van den Raede. Biografieën en Gropesportret van de Raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811. Hilversum/Leeuwarden: Ryksargyf, 1999.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen