Keechelus Mar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Loftfoto fan Keechelus Mar nei it suden sjoen
Keechelus Mar sjoen rjochting Hyak en Alpental

De Keechelus Mar (Ingelsk : Lake Keechelus) is in natoerlik en boezemmar yn de Amerikaanske steat Washington yn it Cascades berchtme. It is de boarne fan de rivier de Yakima. De Keechelus Mar is it meast westlik en grutste fan 3 marren by Interstate 90 lâns, benoarden de rivier de Yakima, wêrby de oare 2 maren de Cle Elum en Kachess marren binne. Interstate 90 rint justjes eastlik fan Snoqualmie Pass by de east wâl fan de mar lâns.

De Keechelus Mar is part fan it Columbia River Basin, it bekken fan de rivier de Kolumbia, om't de mar de boarne foar de rivier de Yakima is, dat wer in sydrivier fan de Kolumbia is.

De mar is ornearre as in opslach boezem foar it Yakima Project, in yrrigaasjeprojekt dat beheard is troch de United States Bureau of Reclamation. It wetterpeil en de útfier wurde regele troch de Keechelus Daam, in keardaam. Dit keardaam is boud fan ierde yn 1917 en is 39 m heech. It hâldt 195.000.000 m³ wetter. It mar is 6,8 km lang en is 1,6 km breed en leit op in hichte fan 767 m.

De namme Keechelus betsjut yn it yndiaansk 'bytsje fisk' yn tsjinstelling ta de Kachess Mar daft 'mear fisk' betsjut.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]