Keatsmuseum
Ut Wikipedy
It Keatsmuseum 'Cammingha of Sjaerdema' is in museum oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer. It is iepene yn 1972 en dêrtroch it âldste sportmuseum yn Nederlân. Sûnt 1995 sit it museum boppe de Friesland Bank op de boppeferdjipping fan de Camminghastins. It wurdt beheard troch de KNKB, it Keninklike Nederlânske Keatsbûn. Yn 2003 hat der in tentoanstelling west oer "150 jier PC".
De skiednis fan it keatsen en har kultuer-histoaryske betsjutting stean hjir sintraal. Der binne orizjinele keatsprizen en earetekens tentoansteld. Op it keatsfjild by it museum kin in keatstrening folge wurde.