Kazimierz Nowak

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kazimierz Nowak
Mei de fyts yn de woastyn
De reis brocht Nowak ek troch de jungle fan Uganda en Kongo.

Kazimierz Nowak ( Stryi, 1897 - Poznan, 13 oktober 1937 ) wie in Poalske reizger, korrespondint en fotograaf. Nei de Earste Wrâldkriich wenne er yn Poznań.

Fan 1931 oant 1936 reizge er alinne rinnende en mei de fyts troch Afrika oer in ôfstân fan 40.000 km. Hy sette út ein yn Tripoly en reizge oer Kairo, Kartûm, Lubumbashi, Pretoria, Kaap Agulhas, Kaapstêd, Kinsjasa, Windhoek troch de woastyn fan Frânsk West-Afrika om te einichjen yn Algiers.

Hy wie nei alle gedachten de earste dy't soks die. Syn reisferslaggen binne publisearre yn it boek mei as titel Rowerem i pieszo przez Czarny Ląd, wat soksawat betsjut: 'Op'e fyts en rinnend troch it swarte kontinint'.

In jier nei syn weromkommen stoar er oan longûntstekking. Hy wie tige ferswakke rekke troch malaria dy't er op syn reis skipe hie.

Op 25 novimber 2006 waard yn it sintraalstasjon fan Poznań, ta neitins fan Nowak, in plakette oanbrocht.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]