Kastyljaansk Skiedingsberchtme

Ut Wikipedy
Utsjoch op de Peñalara yn de Sierra de Guadarrama

It Kastyljaansk Skiedingsberchtme (Spaansk en Portegeesk: Sistema Sintral) is in berchkeatling op it Ibearysk Skiereilân en spjaltet de Spaanske Heechflakte in twaen. It Kastyljaansk Skiedingsberchtme rint rûchwei fan east nei west oer sa'n 600 km, fanôf it Ibearyske Râneberchtme, by de súdlike grins fan de Spaanske regio Kastylje en Leön lâns, oant yn Portegal. Súd fan de berchketen leit it streamgebiet fan de rivier de Taach en noardlik dêrfan dat fan de rivier de Doero.

Underferparting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De berchkeatling wurdt ûnderferparte yn inkelde lytsere berchrêgen (sierras). De twa grutste en heechste dêrfan binne de:

Oare berchrêgen dy't diel útmeitsje fan it Kastyljaansk Skiedingsberchtme binne de Sierra de Ayllón, de Sierra de Ávila, de Sierra de la Paramera, de Sierra de Candelario, de Sierra de Gata en de Serra da Estrela in Portegal.

Kaart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Topografyske kaart fan it Ibearysk Skiereilân, mei it Kastyljaansk Skiedingsberchtme oanjûn as Sistema Central yn it wyt.