Kastyljaansk skiedingsberchtme
It Kastiljaans Skeidingsgeberchte (Spaansk en Portegeesk: Sistema Sintral) is in berchketen op it Iberyske Skiereilân en splitst de Spaanske Heechflakte in twaën. It Kastiljaans Skeidingsgeberchte rint rûchwei fan east nei west oer sa'n 600 km, fanôf it Iberyske Rângeberchte, lâns de súdlike grins fan de Spaanske regio Kastily en Leon, oant Portugal. Te suden fan de berchketen leit it streamgebiet fan de rivier de Taach en noardlik dêrfan dy't fan de rivier de Duero.
Underferparting [bewurkje seksje]
De berchketen wurdt ûnderferparte yn inkelde lytsere ketens (sierras). De twa grutste en heechste dêrfan binne de:
- Sierra de Guadarrama, dy't likernôch op de grins leit fan de autonome regio's Madrid en Kastily en Leon. De heechste berchtop is de Peñalara, mei in hichte fan 2428 meter.
- Sierra de Gredos, yn it úterste suden fan Kastily en Leon, dy't fier oer de grins fan Ekstremadûra troch rint. De heechste berchtop dêrfan is de Pico Almanzor, mei in hichte fan 2592 meter.
Oare ketens fan it Kastiljaansk Skeidingsgeberchte binne de Sierra de Ayllón, de Sierra de Ávila, de Sierra de la Paramera, de Sierra de Candelario, de Sierra de Gata en de Serra da Estrela in Portugal.