Kastiel Duerstede

Ut Wikipedy
Kastiel Duerstede
13e-iuwske donjon fan Zweder fan Abcoude

Kastiel Duerstede is in midsiuwsk kastiel yn de stêd Wyk by Duerstede yn de provinsje Utert.

Oarsprong en ûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan it kastiel giet werom nei de iere 13e iuw doe't de greven fan Bentheim in fersterke hûs, tichtby it plak dêr't eartiids Doarestêd lei, yn lien joech oan it laach fan Abcoude. Yn 1270 boude Zweder I fan Abcoude in swiere bakstienen wentoer (dy't der no ek noch stiet).

It hûs bleau oant 1449 yn it besit fan it laach fan Abcoude, doe waard it ûnder twang ferkocht oan de biskop fan Utert en kaam úteinlik yn it besit fan it Sticht.

Biskop David fan Boergonje, dy't it kastiel tusken 1459 en 1496 yn besit hie, liet it kastiel yngreven ferbouwe. Doe waard de âlde donjon folslein ynsluten troch nijbou. By dy ferbouwing waard ek de no noch yntakte Boergonjeske toer boud. De opfolgers fan David, Freark IV fan Baden en Filips fan Boergonje, brûkten it kastiel ek as harren residinsje.

De lêste grutte útwreiding fan it kastiel wie yn 1577. Doe waard der in ierden, bastionnearre wâl om it kastiel opsmiten.

Delgong en ferfal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it kastiel yn 1640 noch yn goede steat wie, ferfoel it earne yn de twadde helte fan de 17e iuw kompleet ta in ruïne. Op in print út 1700 blykt dat der al net folle mear oer wie fan it ea sa grutske gebou. Dy teloargong kaam troch de besunigings en ferwaarloazing fan de kant fan it Sticht, en troch fernielings troch Frânske troepen yn it rampjier 1672.

Hjoeddeiske steat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Donjon[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde donjon fan Zweder fan Abcoude hat troch syn tige robúste konstruksje de tiid goed trochstien, en is no noch in treflik foarbyld fan in midsiuwske wentoer. De muorren binne twa en in heale meter dik; de oarspronklijke yngong lei op de twadde ferdjipping en wie berikber mei in houten trep dy't yn tiden fan need sloopt of ôfbaarnd wurde koe.

De Boergonjeske toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 15e-iuwske Boergondyske toer

Ien fan de hoektuorren fan it âlde kastiel waard yn de 15e iuw útboud ta de no noch besteande Boergonjeske toer. Dêr't de rest fan it kastiel oan de ein fan de midsiuwen mear wei hie fan in lúks slot, wie de Boergonjeske toer dúdlik in bouwurk mei in militêre funksje. De Boergonjeske toer hat in seldsume soarte mezekouw. Mei syn hichte fan mear as fjirtich meter en tige dikke muorren is de toer hjoed de dei noch tige ymposant.

Oare boudielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de 20e iuw binne de oare resten fan it gebou konsolidearre en opmitsele oant krekt boppe it meanfjild, sadat no ek noch in idee te foarmjen is oer hoe grut it kastiel eartiids wie. Njonken de eardere tagongspoarte is der noch wat heger oprizend muorrewurk te finen, hearrend ta de bûtenmuorre, en in hoektoer.

Omwâling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bastionnearre omwâling is der noch en is yn de 19e iuw omfoarme ta in park.

Film- en tv-opnames[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kastiel Duerstede waard brûkt yn ûnder mear de neikommende film- en tv-opnames:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: