Kastiel Biljoen

Ut Wikipedy
Kastiel Biljoen

Kastiel Biljoen leit oan de eastkant fan Velp, oan de ûnderrin fan de Beekhuzerbeek, tusken de driuwwâl fan de Feluwe en de Iseldelling. Biljoen is sûnt ein 2008 eigendom fan It Geldersk Lânskip en Gelderske Kastielen.

It Kastiel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kastiel is boud troch hartoch Karel fan Gelre. De bou begûn yn 1531. Hy brûkte in soad materiaal fan de tichtbysteande havesate Overhagen (eigendom fan syn fijân Fan Wisch), dy't folle âlder wie. It waard boud op it lângoed Broekerhof (of Broeckerhoeve), dat yn 1076 troch keizer Hindrik IV oan it kapittel fan St. Piter yn Utert skonken wie. De hartoch ferkocht it kastiel fjouwer jier letter oan syn hofmaster Van Lennep. Nei fererving waard it om 1662 ferkocht oan de ryksfrijhear Aleksander fan Spaen, berne yn Cranenburg en kommend út in aadlik laach út Kleef.

De Tún[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Túnûntwerp Biljoen

Dat Fan Spaen in man fan kwizekwânsje wie, blykt wol út dat Loadewyk XIV, de sinnekening, yn 1672 by him útfanhuze op Biljoen. Yn 1675 wie Fan Spaen luitenant-generaal fan de Kleefske troepen en makke hy in fjildtocht tsjin de Sweden en letter tsjin de Frânsen. Bekend eigener is Johan Willem Frederik van Spaen (*1746 ), dy't it besit en de titel Hear van de Hearlikheid Biljoen fan syn heit erve. Hy liet Biljoen opknappe en letter ek Beekhuzen yn romantyske lânskipsstyl. Biljoen wie dêrmei it earste Gelderske lângoed dêr't de formele tún ferfongen waard troch de romantyske lânskipstún. De earste ûntwerpen wienen fan J.G. Michaël (1738 - 1800) en letter fan syn skoansoan J.D. Zocher (1763 - 1817) en dy syn soan J.D. Zocher jr (1791 - 1870). Keninginne Anna Paulowna, widdo fan Kening Willem II, wenne yn (1849 - 1850) op Biljoen.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch fererving kaam it besit yn hannen fan Van Hardenbroek en yn 1867 oan J.H.W. Lüps, dy't letter ek Beekhuzen kocht. Ein 19e iuw waard de oprydleane ynplante mei Amerikaanske iken en trochlutsen nei de dyk fan Velp nei Rheden. De ymposantste keamer is wol de grutte balseal, in foarbyld fan neoklassisistysk binnenhûsarsjitektuer yn Nederlân. Troch dizze stúk-seal mei dekoraasjes út de perioade 1780-1782, is it kastiel ferneamd yn binnen- en bûtenlân. Der binne foarstellings fan ûnder mear it Panteon, de Milvyske brêge, de piramide fan Sestius, de Tombe fan 'Caecilia Metella' by Rome en de timpel fan de Sibylle yn Tivoli. It neamen wurdich binne fierder: it pompeuze Salon Tante Thea (begjin 20e iuw), mei útsjoch oer de efterlizzende fiver mei eilân en park; de âlde keuken mei fornús en wetterpomp; de keamers foar it personiel en de 'moderne keuken', grif de ienige bewenbere romte yn it kastiel. Op it terrein binne fierder noch in tal keunstmjittige rotspartijen, it skyngrêf foar Van Spaen op in eilantsje, in twatal iiskelders, in hûnehok mei bierfetten, túnfazen, sokkels en tagongssstekken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: