Kasjmierboskmûs

Ut Wikipedy
Kasjmierboskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus rusiges
Miller, 1913
IUCN-status: net bedrige

De Kasjmierboskmûs of Kashmirboskmûs (Latynske namme: Apodemus rusiges) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn 'e Himalaya, fan 'e krite Baltistan, yn noardlik Pakistan, fia it noarden fan 'e Yndiaaske dielsteat Djammû en Kasjmier oant yn westlik Nepal.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne waard dizze soart almeast as in eastlike foarm (synonym of ûndersoarte) fan 'e grutte boskmûs (Apodemus flavicollis) beskôge, mar dy is lytser en hat in ljochtere rêch en in koartere sturt. De Kasjmierboskmûs is grutter as de wardboskmûs (Apodemus pallipes), dy't yn itselde gebiet foarkomt, en hat fierders in langere sturt, in dûnkerder rêchpels en in robústere plasse (skedel).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.