Karnuntum

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Heidentoer yn Karnuntum

Karnuntum wie de haadstêd fan de Romeinske provinsje Pannonia Superior. It lei oan de Donau, om-ende-by 35 km eastlik fan it tsjintwurdige Wenen.

[bewurkje seksje] Skiednis

De namme hat it Keltyske eftergrûn en wurdt foar it earst neamd as der yn 6 n.Kr. in Romeinsk legerkamp festige wurdt. Sa om it jier 40 hinne wurdt it XVe Legioen hjir legere. Yn de neite fan de militêre festing ûnstiet in sivile delsetting.

Yn 106, ûnder keizer Trajanus, wurdt Karnuntum ta haadstêd fan de nijfoarme provinsje Pannonia Superior en dêrmei setel fan de gûverneur. Fan keizer Hadrianus krige de plak yn 124 de status van municipium (Municipium Aelium Carnuntum). Karnuntum wie ek in wichtige haven foar de Donaufloat.

De gûverneur Septimius Severus wurdt yn 193 yn Karnuntum troch it leger ta keizer útroppe. Koart dêrnei krijt de stêd de status fan colonia (Colonia Septimia Aurelia Antoniniana Carnuntum). Sûnt dy tiid folgt in tiidrek fan grutte bloei en nimt it oantal ynwenners ta oant likernôch 50.000.

Op 11 novimber 308 fynt yn Karnuntum de Konferinsje fan Karnuntum plak tusken Diokletianus, Maksimianus en Galerius. Lykwols rekket Karnuntum troch in bestjoerlike weryndeling fan it Romeinske ryk har status kwyt as provinsjehaadstêd. Stadichoan set yn de 4e ieu it ferfal yn en om 400 loeken de Romeinen har tebek út Karnuntum.

Letter yn de skiednis sil op de lokaasje fan Karnuntum gien festiging fan ienige betsjutting mear komme. De restanten fan de stêd lizze dan ek yn in iepen lânskip tusken Petronell-Karnuntum en Bad Deutsch-Altenburg, gâns ferspraat oer in oerflak fan 10 km².

[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden

Oant fier yn de 18e ieu waarden de ruïnes fan Karnuntum brûkt as stiengroeve. Sûnt 1850 waard in begjin makke mei argeologyske opgravings dy't oant en mei distiid trochgeane. Yn 1904 waard yn Bad Deutsch-Altenburg it Museum Karnuntinum iepene. In grut part fan it gebiet is troch de oerheid oankocht en yn 1996 ûnderbrocht yn it Archäologischer Park Carnuntum. Hjir is in protte te sjen út de Romeinske tiid, neist it museum en in ferfallen triomfbôge (de Heidentoer), û.a. de restanten fan de amfitheaters en fan de thermen.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings