Karen Armstrong
Karen Armstrong (Wildmoor, Worcestershire, 14 novimber 1944) is in Britske skriuwer en ekspert op it mêd fan religy en dêrmei besibbe saken. Har spesjaliteit binne de monoteistyske godstsjinsten as it kristendom, it joadendom en de islam. Har boeken ûnderskiede har troch in frijsinnige en syntetyske kyk op de kristlike godstsjinst.
Armstong wie fan 1962 oant 1969 non yn it kleaster fan de Ingelske oarder De mienskip fan it Hillige Bern Jezus. Yn 1969 hat sy it kleaster ferlitten en studearre dêrnei oan de Universiteit fan Oksford. Hja skriuwt yn 1982 it boek Through the Narrow Gate dat oer har tiid by de nonnen giet. Yn dat boek lit sy har negatyf út oer de beheinde wrâld en libbenswize fan de nonnen yn it kleaster. De publikaasje jout har in minne namme by in protte katoliken.
Sy hellet in akademyske graad oan de Universiteit en is sûnt dy tiid in warber skriuwster fan teologyske boeken oer de trije monoteïstyske religy's. Yn 1999 jout it Islamitysk Sintrum fan Súdhar in earfolle ûnderskieding foar har wurk oer de betsjutting fan religy en leauwen foar it libben en de maatskippij.
Armstrong heart by de spraakmeitsjende auteurs fan fraachstikken oer religy en leauwen. Sy bout mei har wurk fierder op gongbere wittenskiplike ynsichten as bygelyks it bestean omtrint euhemeristyse prosessen en tinkbylden:
- Religy wie gjin geastlike hâlding, oplein troch oerhearskjende en manipulearjende foarsten en prysters, mar sit fan natoere yn de minsk. Sterker noch, de sekularisaasje dy't wy op it heden ûnderfine is in folslein nije ûntwikkeling en hat him yn de skiednis fan de minske noch net earder foardien. (Ut: Een geschiedenis van God, side 11).
Oar [bewurkje seksje]
Karen Armstrong hat epilepsy. Neffens har hawwe sommige fan har fisionêre ynsjoggen te krijen mei it feit dat sy epileptysk is.
Wurken [bewurkje seksje]
Yn it Ingelsk:
- Through the Narrow Gate (1981), ISBN 0-333-31136-1
- Beginning the World (1983), ISBN 0-333-35017-0
- The First Christian: Saint Paul's Impact on Christianity (1983), ISBN 0-330-28161-5
- Tongues of Fire: An Anthology of Religious and Poetic Experience (1985), ISBN 0-670-80878-4
- The Gospel According to Woman: Christianity's Creation of the Sex War in the West (1986), ISBN 0-241-11449-7
- Holy War (1988), ISBN 0-333-44544-9
- Muhammad: a Biography of the Prophet (1991), ISBN 0-575-05012-8
- The English Mystics of the Fourteenth Century (1991), ISBN 1-85626-023-2
- A History of God: The 4000-Year Quest of Judaism, Christianity and Islam (1993), ISBN 0-434-02456-2
- The End of Silence: Women and the Priesthood (1993), ISBN 1-85702-145-2
- In the Beginning: A New Interpretation of Genesis (1996), ISBN 0-00-628014-5
- Jerusalem: One City, Three Faiths (1996), ISBN 0-00-255522-0
- The Battle for God: Fundamentalism in Judaism, Christianity and Islam (2000), ISBN 0-00-255523-9
- Buddha (2000), ISBN 0-297-64625-7
- Islam: A Short History (2000), ISBN 0-297-64372-X
- Faith After September 11th (2002), ISBN 90-807191-1-0
- The Spiral Staircase (2004), ISBN 0-00-712228-4
- A Short History of Myth (2005), ISBN 1-84195-644-9
- The Great Transformation: The World in the Time of Buddha, Socrates, Confucius and Jeremiah (2006), ISBN 1-903809-75-4
- yn de Feriene Steaten útbrocht as The Great Transformation: The Beginning of Our Religious Traditions (2006), ISBN 0-375-41317-0
- Muhammad: A Prophet For Our Time (2006), ISBN 0060598972
- The Bible: A Biography (2007)
- The Case for God (2009)
In grut part fan har wurk is oerset yn it Nederlânsk.