Karelyske Lâningte

Ut Wikipedy
De Karelyske Lâningte, de reade streek linksboppe yn is de hjoeddeiske Finsk-Russyske grins te sjen, de reade streek mear nei de midden is de âlde grins oant 1940.

De Karelyske Lâningte (Finsk: Karjalankannas, Russysk: Карельский перешеек) is in lâningte tusken de Finske Golf en it Ladogamar yn it noardwesten fan Ruslân. It is in gebiet dat by it histoaryske gebiet Karelië hearde. De lâningte is sa’n 45 oant 110 kilometer breedt, de wichtichste stêd fan it gebiet is Sint-Petersburch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it earste milennium nei Kristus swalken Finsk-Oegryske folken oer de lâningte. Yn de 11e iuw strieden Sweden en Novgorod oer de rjochten fan belêstingbarren. Sweden krige it rjocht yn it gebiet om Vyborg hinne, Novgorod it part dat oer bleaun.

Yn de 17e iuw krige Sweden de heule Karelyske Lâningte ûnder har bewâld, lykas it súdliker Ingermanlân. Yn de tiid fan de Grutte Noardske Kriich waard Ingermanlân weromferovere troch de Russen en yn 1703 waard op it plak fan in Sweedske stêd de nije keizerlike residinsje Sint-Petersburch boud. Nei de Frede fan Nystad yn 1721 wie de lâningte oant 1812 fan it Russyske Ryk, doe’t it noardwestlike part by it (semy-)autonome Gruthartochdom Finlân kaam.

Fanwegen it mylde klimaat, rike fiskwetteren en de neite fan Sint-Petersburch waard de lâningte in tierich gebieten fan Finlân. Nei de Finske ûnôfhinklikheid fan 1918 bleaun it gebiet Finsk, útsein it gebiet om Vsevolozjsk hinne.

Nei de Winterkriich moast Finlân de Karelyske Lâningte by de Frede fan Moskou yn 1940 ôfstean oan de Sovjet-Uny. Goed in jier letter begûn hast tagelyk mei de Dútske Operaasje Barbarossa de Ferfolchkriich en al gau waard it ferlerne gebiet werom ferovere. Op 9 juny 1944 iepenen de Russen lykwols in tsjin aksje en in moanne letter wie it gebiet wer ûnder it bewâld fan de Russen.

By de Frede fan Parys moast Finlân de grins fan 1940 erkenne en sûnt dy tiid heard de Karelyske Lâningte oant de Oblast Leningrad en binne de measte Finske plaknammen ferfong troch Russyske nammen.

Sûnt 1998 stiet der by Svetloye op de Karelyske Lâningte in radio teleskoop fan 32 meter heech.

Wichtige pleatsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]