Karel Dujardin

Ut Wikipedy
Karel Dujardin selsportret 1662.
Frou dy't in reade ko melkt (± 1650)

Karel Dujardin (Amsterdam, 1626 - Feneesje, 20 novimber 1678), wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy is bekend fan syn Italjanisearjende lânskippen, mar it is net wis at er ea yn Itaalje west hat.

It is ek net bekend wa't syn learmaster(s) west hawwe, mar Nicolaes Berchem en Paulus Potter binne neamd wurden. Om 1650 hinne gie er nei Lyon. Dêr ûntstiene grutte skulden, dat hy troude mei syn folle âldere hospita om troch de tiid te kommen. Hy naam har mei werom nei Amsterdam dêr't syn tekeningen tige wurdearre waarden. Dujardin arbeide yn ferskillende sjenres. Neist pastorale lânskippen makke er ek portretten en histoarjestikken. Syn portret fan Michiel de Ruyter is ferneamd wurden; hja hawwe elkoar ferskate kearen moete.

Yn 1675 ferfear er nei Itaalje, útnûge troch syn freon Joan Renst foar in Grand Tour, dêr't er by de Bentvueghels yn Rome gie. Se hiene in soad bewûndering foar syn wurk. Syn (by)namme yn dat fermidden waard Barba di Becco, of 'Bokkeburd'.

Priuwke fan Dujardins wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karel Dujardin fan Wikimedia Commons.