Karein

Ut Wikipedy
karein

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai jollingen (Aythya)
soarte
Aythya ferina
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De karein (Aythya ferina) is in fûgel út it skaai fan de jollings.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De karein is tusken de 42 en 49 sm grut. De jerke fan de Karein is ûnder de jeropeeske einen goed te werkennen oan syn readbrune kop, swarte boarst en grize rêch en búk. Yn Noard-Amearika komme lykwols de readkopein en de grutte karein foar, dy't der in protte op lykje.
It wyfke hat in brúngrize kop en boarst en is fierder wat ljochter griis fan kleur.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De karein komt yn it grutste part fan Jeropa foar. Yn Nederlân is de fûgel it hiele jier te sjen. De fûgels út it easten fan Jeropa binne trekfûgels dy't winterdeis nei it suden lûke oant de Middellânske See en Noard-Afrika ta.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De karein siket syn iten ûnder wetter en yt sawol plantaardich fiedsel lykas sied, blêden en woartels as ek dierlik fiedsel as slakken, wjirms en ynsekten.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De karein makket in nêst op de grûn of op wetterplanten fan reid en blêden, lykas de markol. De karein leit 6 oant 12 griengrize aaien. Nei trije wiken komme de jongen út, nei sa'n acht wiken kinne de jongen fleane.

Aaien fan de karein.