Karakas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Karakas
Santiago de León de Caracas
Caracas-downtown.jpg
Sifers
Ynwennertal 1.815.679 (2009)
Befolkingstichtens 1431,5/ km²
Stêdekloft 1930 km²
5.196.514 ynwenners
Hichte 900 m
Polityk
Lân Fenezuëla
Distrikt Haadsteedlik Distrikt Miranda
Gemeente Libertador
Boargemaster Antonio Ledezma (ABP)
Oar
Stifting 25 july 1567
Tiidsône VST (UTC-04:30)
Koördinaten
Webside www.alcaldiamayor.gob.ve
Lizzing Karakas yn Fenezuëla

Karakas is de haadstêd en grutste stêd fan Fenezuëla yn Súd-Amearika. De stêd leit yn noarden fan it lân yn in delling fan de Cordillera de la Costa Central, tichtby de Karibyske See, mar dêrfan skieden troch in steil, heech berchtme, de Cerro Ávila; nei it suden ta lizze mear hichten en bergen. Karakas heart net by ien fan de steaten fan Fenezuëla, mar foarmet it Haadsteedlik Distrikt.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De stêd waard stifte yn 1567 as Santiago de León de Caracas troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Diego de Losada.

Yn Karakas waarden twa persoanen berne dy't tige wichtich west hawwe yn de skiednis fan Súd-Amearika. Francisco de Miranda waard dêr yn 1750 berne en Simón Bolívar yn 1783.

Karakas waard op 26 maart 1812 ferwoastge troch in ierdskodding. De Spanjerds leinen dat út as in straf fan God foar de reboelje tsjin de Spaanske oerhearsking.

20e ieu[bewurkje seksje | edit source]

Earste helte 20e ieu waard ierdoalje yn Fenezuëla ûntdutsen. Dat joech de ekonomy fan de stêd in enoarme ynpuls.

De metro fan Karakas kin sûnt 1983 brûkt wurde.

Maiquetia International Airport is it fleanfjild fan Karakas

Stadions[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Karakas[bewurkje seksje | edit source]