Karaginskigolf

Ut Wikipedy
Lizzing fan de Karaginskigolf
It eilân Karaginsky

De Karaginskigolf (Russysk: Карагинский залив; Karaginski zaliv) is in brede golf yn de Beringsee foar de noardeast kust fan it Russyske skiereilân Kamtsjatka, dy't oan 117 kilometer yt lân ynrint. De djipte fan de golf fariaerret tusken de 30 en 60 meter. Yn de golf leit it eilân Karaginski, dat troch de Strjitte fan Litke (breedte: 21 oant 72 kilometer) fan Kamtsjatka skieden wurdt. In lytser eilân is Verchotoerov. De kusten om de golf hinne binne rotsich en tige ûnregelmjittich foarme. Der komme in protte riviere yn de golf út. De golf is fan desimber oant juny beferzen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]