Kanadeeske Kraan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kanadeeske Kraan
Grus canadensis NBII.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Kraaneftigen (Gruiformes)
Famylje: Kraanfûgels (Gruiidae)
soarte
Grus grus

De Kanadeeske Kraan (Grus canadensis) is in soarte út de famylje fan de Kraanfûgels yn Noard-Amearika.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Kanadeeske Kraan is tusken de 80 en 120 sm grut en waget tusken de 3 en 6,5 kg. De fûgels hawwe griisbrune fearren en de folwoeksen fûgels hawwe wite wangen, in lange skerpe snaffel en op de foarholle in reade flek.

Undersoarten[bewurkje seksje | edit source]

Yn it grutte ferspriedingsgebiet wurde seis ûndersoarten underskieden, dy't foaral yn grutte ferskille. Trije fan dizze soarten binne trekfûgels.

  • Lytse Kanadeeske Kraan (Grus canadensis canadensis)
  • Kanadeeske Kraan (Grus canadensis rowani)
  • Grutte Kanadeeske Kraan (Grus canadensis tabida)
  • Floridakraan (Grus canadensis pratensis)
  • Mississippykraan (Grus canadensis pulla)
  • Kubaanske Kraan (Grus canadensis nesiotes)

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De briedgebieten fan de Kanadeeske kranen lizze yn de sompegebieten yn sintraal en noard-Kanada, yn Alaska en yn parten fan it midwesten en súdeasten fan de Feriene Steaten. Fierder ek noch yn Sibearje.

De Lytse Kanadeeske Kraan briedt yn it arktysk gebiet fan Noard-Kanada, Alaska en it noardeasten fan Sibearje. Hy oerwinteret yn it súdwesten fan de Feriene Steaten en noard-Meksiko. De fûgels dy't yn Sibearje libje, moatte derby in ôfstân fan mear as 8.000 kilometer oerwinne. Yn de famylje fan de kraanfûgels is dit de soarte mei de grutste ôfstân tusken bried- en oerwinteringsgebiet.

De oerwinteringsgebieten fan de Grutte Kanadeeske Kraan en de gewoane Kanadeeske Kraan lizze yn Kalifornje, Nij Meksiko, Meksiko en Teksas. De Platte Rivier yn Nebraska is ien fan de bekendste tuskenstops op harren trek. Dêr sammelje harren yn it foarjier en yn de hjerst sa'n 450.000 Kanadeeske Kranen.

Wylst de Lytse en de gewoane Kanadeeske Kranen net bedrige binne, is it tal Mississipykranen troch de fersmoarging fan de Rivier hurd tebekrûn. Fan dy ûndersoarte binne der noch mar 120 oant 300 fûgels.

jonge Kanadeeske Kraan

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Kanadeeske Kranen dy't yn sompige gebieten briede meitsje harren nêsten yn de begroeiïng oan de wetterkant. De fûgels dy't op de prêrje briede meitsje eins gjin nêst mar lizze de aaien sa op de grûn. Meast wurde der twa aaien lein dy't yn 29-32 dagen útbret wurde. Beide âlden fuorje de jongen dy't nei sa'n 67-75 dagen fleane kinne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]