Kamperfoelje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kamperfoelje
Alsem
taksonomy
Klasse: Spermatopsida
Skift: Dipsacales
Famylje: Caprifoliaceae
soarte
Lonicera


Kamperfoelje (Lonicera) is in klimplant dy't yn Jeropa, Sina, Noard-East-Aazje en yn de Feriene Steaten foarkomt. De plant heart ta de famylje fan de kamperfoelje-eftigen (Caprifoliaceae). Hy wynt him om oare planten en beammen hinne.

De blommen hawwe benammen jûns in sterke swiete rook. Se binne der in ferskate kleuren, in soad foarkommend is de rôze-reade en giel-wite foarm. De plant is frij maklik te fermearderjen út simmer- of winterstek.

Yn it Frysk wurdt de Kamperfoelje ek wol klapsûger, papsûger, stjonkblom of tateblom neamd. De plant krige syn Latynske namme fan de Dútske natuerhistorikus Johann Lonitzer.

Klimmende soarten
  • Lonicera caprifolium - gewoane kamperfoelje
  • Lonicera japonica
  • Lonicera periclymenum - (wylde kamperfoelje, ek wol pypkehout of taatsûgers)
  • Lonicera sempervirens
  • Lonicera ×heckrotti (krusing americana mei sempervirens)
European honeysuckle 800.jpg
Wintergriene strûken
  • Lonicera fragrantissima
  • Lonicera nitida - Sineeske kamperfoelje
  • Lonicera pileata
  • Lonicera korolkowii
  • Lonicera ledebourii
  • Lonicera maackii
  • Lonicera morrowii
  • Lonicera tatarica
  • Lonicera xylosteum - (reade papsûger)
  • Lonicera syringantha (var. wolfii)
  • Lonicera ×purpusii (krusing standishii mei fragrantissima


Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

List fan planten