Kaley Cuoco

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaley Cuoco
Kaley Cuoco yn 2013.
Kaley Cuoco yn 2013.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kaley Christine Cuoco
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 30 novimber 1985
berteplak Camarillo (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Italy.svg Italjaansk
Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of England.svg Ingelsk
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
gjint

Kaley Cuoco (útspr.: /'keili: kwoukou:/; folút: Kaley Christine Cuoco; Camarillo (Kalifornje), 30 novimber 1985), is in Amerikaansk aktrise fan mingd etnysk Italjaansk-Dútsk-Ingelsk komôf. Hja is it bekendst fan har rollen yn 'e tillevyzjekomeedzjesearjes 8 Simple Rules en The Big Bang Theory.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cuoco is hikke en tein yn it suden fan 'e steat Kalifornje, en groeide op yn in gesin mei ien suster, Briana (dy't sels bekendheid krige doe't se meidie oan 'e Amerikaanske ferzje fan The Voice), as de dochter fan makeler Gary Carmine Cuoco en húsfrou Layne Ann Wingate. Fan har trêde ôf die Cuoco in protte oan tennis, en dêrmei stie se op in stuit op 'e nasjonale ranglist. Yn 2002, doe't se 16 jier wie, joech se de sport deroan om har folslein op in karriêre as aktrise ta te lizzen.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har filmdebút makke Cuoco yn 1995 al, doe't se noch mar tsien jier wie, yn 'e thriller Virtuosity. Fan 1999 ôf hie se rollen yn ferskate net bjuster súksesfolle komeedzjesearjes en tillevyzjefilms. Yn 2002 krige se de rol fan Bridget Hennessy yn 'e komeedzjesearje 8 Simple Rules. Hja spile yn it gesin Hennessy de âldere suster, hoewol't Amy Davidson, dy't de de jongere suster spile, yn it echt seis jier âlder as har is. 8 Simple Rules rûn trije seizoenen, oant de stjoerder ABC de searje yn 2005 stopsette fanwegen delgeande sjochsifers. Neitiid spile Cuoco wer yn ferskate tillevyzjefilms, en ek liende se har stim foar in pear tekenfilms fan it Disney Channel. Teffens hie se in rol yn it lêste seizoen (2005-2006) fan 'e searje Charmed, wêryn't se in jonge hekse spile mei machten op it mêd fan tillekineze en astrale projeksje.

Kaley Cuoco.

Yn septimber 2007 sette Cuoco útein mei ien fan 'e haadrollen yn komeedzjerige The Big Bang Theory fan 'e stjoerder CBS, dy't noch altiten (neijier 2013) rint. Dêryn spilet hja Penny, in servearster dy't aktrise wurde wol, en dy't yn it apartemintegebou foar in pear wrâldfrjemde wittenskippers oer wennet. The Big Bang Theory wie in trochslaand súkses en betsjutte foar Cuoco de trochbraak nei wiere ferneamdens, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar ek yn it bûtenlân. Sûnt septimber 2010 fertsjinnet se $200.000 de ôflevering. Njonken har fêste rol yn The Big Bang Theory wurke Cuoco sûnt 2007 mei in ferskate oare films en tillevyzjeprogramma's, wêrûnder twa ôfleverings fan 'e searje Prison Break. Yn 2013 waard har it sechsde plak taparte op 'e ranglist fan 'e meast seksy froulju fan dat stuit, gearstald troch de Amerikaanske edysje fan it blêd FHM.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst se yn The Big Bang Theory spile, gie Cuoco twa jier om mei kollega Johnny Galecki, mei wa't se yn 'e searje ek in relaasje hie. Se holden it geheim oant se útinoar gien wiene. Sûnt hat Cuoco twaris ferloofd west: fan oktober 2011 oant maart 2012 mei Josh Resnik, in ferslavingsspesjalist, en sûnt septimber 2013 mei tennisser Ryan Sweetling. Mei dy lêste troude hja op 31 desimber 2013 yn it Kalifornyske Santa Susana.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.