Kajun

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Cajun Heartland

De Kajun (Ingelsk: Cajun) binne in befolkingskloft yn de Amerikaanske steat Louisiana. Sy stamje ôf fan Frânske kolonisten dy't harren ynearsten festige hienen yn Akaadje, Kanada en fan dêrút nei Louisiana lutsen. It gebiet dêr't sy wenje wurdt de "Cajun Triangle" neamd en rint rûchwei tusken New Orleans, Lake Charles en Alexandria.

[bewurkje seksje] Skiednis

Akaadje wie eartiids in Frânske koloanje yn Kanada, yn de tsjintwurdige provinsje Nij Brunswyk en Nova Scotia. De befolking wie Frânstalich. Yn 1713 waard it Ingelsk en nei in tiidrek fan ûnderlinge spannings waard yn 1755 meastepart fan de Frânske befolking troch de Ingelsken ferdreaun. Sy kamen yn de sompen (bayous) fan Louisiana terjochte, dat doe noch fan de Frânsken wie. De Amerikanen, dy't it gebiet yn 1803 fan Napoleon kochten, neamden harren "Acadians". Sûnder de "A" en op útsprutsen op syn Amerikaansk is dy beneaming geandewei ferbastere ta "Kajun", de tsjintwurdige namme foar de befolking, it gebiet en harren keuken.

[bewurkje seksje] Taal

De taal fan de Kajun-befolking, Kajun-Frânsk oftewol 'patois', wurdt yn distiid noch mar troch in lyts part fan de befolking sprutsen, fral troch de âlderein yn de deistige omgong. Sûnt de sechstiger jierren fan de foarige ieu is der wol fernijde belangstelling foar de taal en wurde der in protte kulturele aktiviteiten dien yn de taal, faak opset op inisjatyf fan de steat Louisiana. Lykwols rint it oantal Frânsksprekkende hurd tebek.

[bewurkje seksje] Muzyk

De Kajun beskikke oer in hiel eigen muzykstyl, dy't bekend stiet as de Kajunmuzyk. Dizze muzykfoarm is om 1900 ûntstien troch in mingeling fan âlde Frânske folksmuzyk en de muzyk fan oare ymmigranten lykas û.o. Dútsers en ek de perkusjonistyske ritmyk fan de Kreoalen yn Louisiana. De diatoanyske akkordeon (lûkharmoanika mei tsien knoppen) spilet in wichtige rol, begelaat troch fioele en triangel ('tit fer ofwol: lyts izer). Meastentiids wurdt mei hege stem derby songen yn it Kajun-Frânsk.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen