Kajukenbo

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Kajukenbo of kajukembo is in hybride fjochtkeunst, dy't karate, judo, jujitsu, kempo en wushu (kung fu) kombinearret. It waard ûntwikkele yn it desennium fan 1940 yn Oahu (Hawaï) as metoade fan selsbeskerming tsjin misdiedigers en soldaten fan de Amerikaanske Marine dy't de lokale minken oanfoelen. Omdat it fûneminteel in metoade fan definsje en de oanfallen feroaren is, is it in systeem dat altyd yn evolúsje, is en alles brûkt wat goede resultaten jout.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Stilen dy't kajukenbo fêstige hawwe[bewurkje seksje | edit source]

De namme fan it systeem is fuortkomd út de earste wurdlidden fan de nammen fan de stilen dy't komponinten fan kajukenbo wurden binne:

  • Koreanske karate styl neamd tangsudo.
  • Judo en jujitsu fan Japanske oarsprong.
  • Kempo of ken fan Japanske en Sineeske oarsprong.
  • Sineeske (wushu) en Amerikaansk boksen.

Stifters fan kajukembo[bewurkje seksje | edit source]

Fiif leararen fan ferskillende fjochtsporten Hawaï, kamen byinoar om dit idee út te fieren.

  • Peter Yong Yil Choo - de Hawaïske Kampioen fan it boksen en learaar fan tangsudo,
  • Joseph Holck - de Master fan Judo Kodokan en Ju-jitsu fan Danzan Ryu,
  • Frank F. Ordoñez - de Master fan Judo Kodokan en Sekeino Ju-Jitsu,
  • Adriano Emperado (neamd sijo - "stichter") - de Master fan Kara-ho kempo en eskrima,
  • George "Clarence" Chang - de Master fan it Sineeske boksend Sil Lum "kungfu" Shaolin noarden en suden.

1945-1959[bewurkje seksje | edit source]

Yn twa jier (1945-1947) brochten de oprjochters harren kennis yn praktyk. Geregeld testen se de mooglike situaasjes fan agresje yn it leven. Letter beslisten hja efter dizze systeem "kajukenbo" te roppen (fermeldend it inisjalen fan de fjochtsporten dy't it gearstalle) en de Maatskippij fan Swarte Riemen te meitsjen (Black Belt Society), dus op dat momint it Ynstitút fan Sels-Definsje Kajukembo op te rjochtsjen. Yn’e regel waard oefene oan de kust fan de Stille Oseaan fan de USA, efter de Loftmachtbasis fan Travis yn Kalifornië, wêr’t Master Aleju Reyes de earste skoalle bûten it Hawaï Eilânen yn 1958 iepene. Hy joech de lessen spesjaal foarm oan de leden fan de Loftmacht fan de USA. Ien fan dizze leden wie Professor Richard Peralta dy't yn 1959 begûn mei kajukembo.

Yn 1959 heakke de "sijo" Emperado de techniken fan wushu oan kajukenbo ta en feroare syn keunst yn in floeibare kombinaasje fan hurde en effen techniken.

Nei 1959[bewurkje seksje | edit source]

Charles Gaylord, Tony Ramos, en Aleju Reyes, dy’t har swarte riemen fan Emperado ûntfongen hienen, brochten kajukenbo nei it Amerikaanske kontinint. Elk fan harren ieopene in eigen skoalle fan kajukenbo yn Kalifornie. Yn 1969 treende Tony Ramos en wikselde syn metoaden en ideeën mei Bruce Lee út. Aleju Reyes ferstoarn yn 1977, en Tony Ramos ferstoarn yn Hawaï yn 1999. Sûnt doe hie Charles Gaylord wurke oan it systeem en de saneamde "metoade fan Gaylord" útfûn. Hy is de foarsitter fan de Feriening fan Kajukenbo fan Amerika (Kajukenbo Association of America) en erve de fuortsetting fan de keunst fan syn sijo.

Kajukenbo op dit eagenblik[bewurkje seksje | edit source]

Oant no hat kajukenbo mear hâldingen en woarpen as oare skoallen fan kenpo. It omfet ynfloeden op ferbiningen, de lege slaggen en de oanfallen middels kombinaasjes. Hoewol’t it sekere aspekten fan de konkurrinsje hat, konsintrearret it him yn haadsaak op echt gefjochten en op betekenis fan praktykanalyses. Yn it algemien, dienen de beoefeners fan kajukenbo dat selss "doende walgen, úterst ûnplezierige aksjes", lykas de slaggen op eagen of betreffende de genitaliën, tastien wurde kinne, as hja mei de ferdigening tsjin oanfallers op stjitte helpe. De mearderheid fan skoallen fan kajukenbo mijt ûnpraktyske en spektakulêre trúkjes en bewegingen. De plannen fan stúdzjes omfetsje tsjinoanfallen tsjin slaan mei de fûsten, tsjin it mes, tsjin it stokl, tsjin de fjoerwapens en tsjin it wrakseljen.

Hoewol de fariaasjes fan kajukenbo de mienskiplike fundearringen hawwe, binne ek fariaasjes mooglik. Kajukenbo is basearre op fjouwer ferskillende stilen. It is ûnmooglik om se folslein yn inoar te skowen; oan bepaalde spesjalisaasje is net te ûntkommen. De iepen benaderjen liedt ta oanmoedigjen de skoallen om oare keunsten yn syn praktyk op te nimmen. De foarbylden binne Filippynske escrima en Japanske aikido.

Sekere skoallen fan kajukenbo beklamje it belang fan 26 foarmen ("kata"). Hja binne ferdield yn 13 "pinyans" (soms groepen "de stellen fan Palama" - Palama sets) en 13 "konsintraasjes". Elke "konsintraasje" hat syn eigen namme, sadat earste neamd wurdt "slach fan de kraan/de klau fan de tiger". De namme fan elke "konsintraasje" beskriuwt syn kenmerkjende beweging. De earste konsintraasje befet bygelyks in slach fan de kraan en in klau fan de tiger. Dizze foarmen wurde opnommen yn kajukenbo om de kapasiteiten fan de studint te ferbetterjen. Elke beweging yn dizze foarmen hat syn betsjutting. Bygelyks, de earste beweging yn "pinyan 1" hat lijk bûtenslach yn de beweging yn'e posysje fan ferbûging efterút. Dizze beweging kin tapast wurde om in slach mei fûst op te blokkearjen. Dizze foarmen konsintrearje har ek fjochtsjen mei allinnich tsjinstanners.

Yn sommige skoallen fan kajukebo, it saneamde Gebed fan Kajukenbo (Kajukenbo Prayer, dy't troch Frank Ordonez skreaun wurdt ) spilet in wichtige rol, mar de mearderheid fan skoallen ûntbrekt sa’n mystike. De klasse is beëinige mei it berop op de trije eleminten fan kajukenbo: de geast, de mining, en it lea (elke men hat syn eigen teken fan de hân). Letter, de studinten en de ynstrukteur idintyk iepenje de hannen om de frede te fertsjintwurdigjen; dan bûge mei ûntsach om de earbied út te drukken. De groet is in diel fan de touane yn in protte skoallen: Identyk begroetsje de studinten en harren ynstrukteurs eigeners fan swarte riemen, wannear hja it sportseal ynkomme.

Programma[bewurkje seksje | edit source]

Programma
Riem Katas De definsje mei fûst en wrakseljen Kombinaasje fan hannen en traapjen Stok Mes 2 oanfallers Alfabet Benaderjende tiid
Wite 0 y 1 1 y 2 1 y 2 1 y 2 - - - 4 moannen
Giele 2 y 3 3 3 3 - - - 5 moannen
Oranje 4 y 5 4 4 4 - - - 6 moannen
Poarper 6 5 5 5 - - - 7 moannen
Blauwe Nian-Chi 6 6 6 - - - 8 moannen
Griene 7 7 7 7 1 y 2 1 y 2 A,B 9 moannen
Brune III 8 8 8 8 3 3 C,D 6 moannen
Brune II 9 9 9 9 4 4 E,F 6 moannen
Brune I 10 10 10 10 5 5 G,H 6 moannen
Swarte 11 11 11 - - - I,J,K,L 12 moannen

De graden en de titels ferskille per skoalle. De titels jouwe oan de eigeners fan swarte riemen Sineeske oarsprong:

  • Sijo (yn it Sineesk: "De learaar, de stichter") dat is de heechste graad, betsjut de stichter fan de skoalle. Dizze titel wurdt brûkt troch Adriano Emperado.
  • Sigung ("de grutte fader") betsjut de professor fan de professors - seisde graad fan behearsking of heger.
  • Sifu ("de fader") betekent de professor - fan tredde oant fiifde graad fan behearsking.
  • Sibak ("de âldste broer") betsjut de assistint fan de professor - de persoan dy't yn'e learstelling helpt - ûnder de tredde graad fan behearsking.

De eigeners fan swarte riemen fan achtste graad hjitte de "professors", is de njoggende graad fan behearsking de "grutte learaar" (grandmaster).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]