Kai Lun

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbylding fan Kai Lun

Kai Lun (Sineesk: 蔡倫 of 蔡伦) (sa. 50 - 121) wie in Sineekse eunuch dy't tsjintwurdich beskôge wurdt as de útfiner fan it papier.

[bewurkje seksje] Skiednis

Lai Lun waard berne yn Guiyang ûnder de Easterske Han-dynasty en wie sekretaris fan keizer He. Hy besocht mei materialen as beambast, hymp, side en fisknet papier te meitsjen en slagge yn 105 dêr glânsryk yn. De keizer wie tige bliid mei dizze útfining en joech him in titel en rykdom.

Yn Sina rekke it papier al gau ynboargene, mar it soe noch ieuwen dourje foar it yn de rest fan de wrâld brûkt wurde soe. Yn 751 waarden in pear Sineeske papiermakkers troch de Arabieren finzen nommen en sûnt dy tiid ferspriede de technyk fan papiermeitsje him oer de rest fan de wrâld.

De útfining fan Kai Luns wurdt sjoen as ien fan de wichtichste útfiningen dy't ea dien binne. Troch de útfining soe Sina har mooglik sneller ûntwikkele hawwe as de rest fan de wrâld, dy't har noch in skoftlang behelpe moast mei de âldere skriuwmaterialen as perkamint en Papyrus.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen