Kader Abdola
Kader Abdolah, skûlnamme fan Hossein Sadjadi Ghaemmaghami Farahani (Arak, 12 desimber 1954) is in Iraansk-Nederlânske skriuwer dy't him yn 1988 yn Nederlân fêstige hat. Het huis van de moskee is Abdolah syn bekendste en bêst ferkochte boek dat útroppen is ta ien nei bêste Nederlânske roman ea.
Libben en wurk [bewurkje seksje]
Abdolah waard berne yn Arak. Fan syn tolfde ôf ferdjippe er him yn de westerske literatuer, om't er skriuwer hope te wurden lykas syn âlde pake syn heit Qhaem Megham Ferahni. Sadwaande krige er niget oan de westerske menier fan libjen dat noch sterker waard troch it stikem harkjen nei westerske radiostasjons en nei fersetsstjoerders.
Hy studearre natuerkunde oan de universiteit fan Teheran. Yn dy tiid sluet er him ek oan by in loftse partij dy't har fersette tsjin it bewâld fan de sjah en letter tsjin dat fan de ayatollahs. HAbdola skreau foar in yllegaal blêd en publisearre twa temûk ferskynde ferhalebondels ûnder de namme Kader Abdolah, in skûlnamme gearstald út de nammen fan twa eksekútearre freonen: Kader en Abdolah.
Nei syn oplieding gie er oan't wurk as direkteur fan in emballaazjefabryk, en bleau er ek polityk warber. Yn 1985 moast er Iran ûntflechtsje. Dêrta útnoege troch de Feriene Naasjes kaam er as polityk flechteling nei Nederlân. Hy bedarre yn 1988 yn in asylsikerssintrum yn Apeldoorn en krige neifolgjend in hûs yn Swol tawiisd. Dêr gie Abdolah oan'e gong yn in natuerhistoarysk museum en yn in konservefabryk. Yn 2003 ferhúze er nei Delft. It Nederlânsk learde er ûnder oaren út berneboekjes fan Annie M.G. Schmidt en fan Nederlânsktalige poëzij. Yn 1993 koe er al debútearje mei de ferhalebondel De adelaars, der't er fuortendaliks de debutantepriis Het Gouden Ezelsoor foar krige.
Yn 2006 waard Abdolah gastskriuwer oan de universiteit Leien. Yn dat ramt jout er wurkkolleezjes en lêzingen.
Kader Abdolah hat in wyklikse kollumn yn de Volkskrant ûnder it pseudonym Mirza. Mirza is yn it Perzysk 'kronykskriuwer' én it is tagelyk de namme fan syn ferstoarne heit. Syn wurk giet oer it libjen yn en tusken twa kultueren en oer it libjen yn de diaspora.
Abdolah sil it boekewikepresint fan 2011 skriuwe, mei it tema 'curriculum vitae - skreaune portretten'.
Bibliografy [bewurkje seksje]
- 1993 - De adelaars (ferhalen)
- 1995 - De meisjes en de partizanen (ferhalen)
- 1997 - De reis van de lege flessen (roman)
- 1998 - Mirza (kollumns)
- 2000 - Spijkerschrift (autobiografy)
- 2001 - De koffer (Oerisels boekewikepresint)
- 2001 - Een tuin in zee (kollumns)
- 2002 - Kélilé en Demné (Perzyske ferhalen opnij fertelt)
- 2002 - Sophia's droë vrugte (roman)
- 2002 - De koning
- 2003 - Portretten en een oude droom (roman)
- 2003 - Karavaan (columns, 2003)
- 2005 - Het huis van de moskee (roman)
- 2008 - Een gouden handdruk voor Du Perron
- 2008 - De Koran en De boodschapper (resp. 'in oersetting' en 'in fertelling')
- 2009 - Dit mooie land (kollumns)
Literatuer [bewurkje seksje]
- Michiel van Kempen, 23 desimber 1978: Edgar Cairo’s earste kollumn foar de Volkskrant; 23 jannewaris 1996: Kader Abdolah’s earste kollumns foar de Volkskrant; De Nederlandse taal als onderdrukker en bevrijder, yn: Kunsten in beweging 1980-2000; Cultuur en migratie in Nederland, redaksje Rosemarie Buikema en Maaike Meijer, 2004, sd. 19–35, Sdu - Den Haach