KNVB beker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De beker

De KNFB beker is in fuotbaltoernoai fan it Keninklike Nederlânske Fuotbalbûn. Fuotbalklups út de Earedivyzje, Earste Divyzje, de kampioenen en de perioadekampioenen fan de Haadklasse amateurfuotbal, de fjouwer finalisten fan alle seis distriktbekers, de kampioen fan de beloften Eredivyzje en de winner fan de KNVB beker beloften. De finale fan it toernoai wurdt sûnt 1989 spile yn Stadion Feijenoord. De bekerwinner mei it oare seizoen dielnimme oan de tradisjonele seizoensiepening, de Johan Cruijf Skaal.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It Nederlânske bekertoernoai kaam foar it earst op it aljemint by yn in bûnsgearkomste yn De Haach op 15 jannewaris 1898. Yn dy tiid beslute it bestjoer fan it Nederlânske Fuotbalbûn in toernoai foar oansletten ferienings fan it bûn te organisearjen.

Troch ûndernimmer Hak Holdert waard in beker beskikber steld. Yn it seizoen 1898-1899 waard foar de earste kear de nei him ferneamde Holdertbeker útrikt. HFC-spiler Hisgen skreau op 7 maaie 1899 skiednis troch it earste doelpunt yn in bekerfinale te meitsjen. Troch syn doelpunt yn it duel mei HVV út De Haach krige syn klup ek noch de beker.

Earst yn 1946 krige it bekertoernoai foar it earst in oare namme en waard ek foar it earste silver brûkt foar de beker. Nei de Twadde Wrâldkriich wie der net safolle edelmetaal mear, dat it wie in djoer geskink.

KNVB en Europeesk fuotbal[bewurkje seksje | edit source]

De winner fan de KNVB beker mei it oare seizoen meidwaan oan in Europeesk toernoai. Oant 1998 wie dat foar it Europakup II-toernoai, kwalifisearret de winner him foar it UEFA-Kup toernoai. As de winner him al kwalifisearre hat foar de UEFA Champions League, dan mei de finalist dy't ferlern hat meidwaan oant it UEFA-Kup toernoai. Yn 1998 waard in ekstra wedstryd spule tusken de ferliezers fan de heale finale, omdat de finalisten Ajax en PSV har beide kwalifisearre hienen foar de UEFA Champions League. Dy wedstryd waard yn Swol spile troch SK It Hearrenfean en FK Twinte en einige mei in 3-1 oerwinning, dat SK It Hearrenfean mocht meidwaan oan it Europakup II-toernoai. As de finalist en de winner fan it toernoai hjoed de dei by de top-5 binne, dan mei ien fan de nûmers 2 oant en mei 5 út de Earedivyzje meispylje, dy't yn de play-offs spylje om it twadde Champions-Leagueplak.

List fan KNVB beker winners[bewurkje seksje | edit source]

  • 1899 RAP Amsterdam
  • 1900 Velocitas Breda
  • 1901 HBS De Haach
  • 1902 HFC Haarlim
  • 1903 HVV De Haach
  • 1904 Haarlimske FC
  • 1905 VOC Rotterdam
  • 1906 Concordia Delft
  • 1907 VOC Rotterdam
  • 1908 HBS De Haach II
  • 1909 Quick De Haach II
  • 1910 Quick De Haach II
  • 1911 Quick De Haach
  • 1912 HFC Haarlim
  • 1913 Haarlimske FC
  • 1914 FC Dordrecht
  • 1915 Haarlimske FC
  • 1916 Quick De Haach
  • 1917 Ajax Amsterdam
  • 1918 RCH Haarlim
  • 1919 net spile
  • 1920 CVV Rotterdam
  • 1921 Schoten
  • 1922-24 net spile
  • 1925 Zaandamse Football Club
  • 1926 LONGA
  • 1927 VUC
  • 1928 RCH Haarlim
  • 1929 net spile
  • 1930 Feyenoord Rotterdam
  • 1931 net spile
  • 1932 FC Dordrecht
  • 1933 net spile
  • 1934 Velocitas Grins
  • 1935 Feyenoord Rotterdam
  • 1936 Roermond
  • 1937 FC Eindhoven
  • 1938 VSV
  • 1939 Weins
  • 1940-42 net spile
  • 1943 Ajax Amsterdam
  • 1944 Willem II Tilburch
  • 1945 net spile
  • 1946/47 net spile
  • 1948 Weins
  • 1949 Quick Nijmegen
  • 1950 PSV Eindhoven
  • 1950-56 net spile
  • 1957 Fortuna '54
  • 1958 Sparta
  • 1959 VVV
  • 1960 net spile
  • 1961 Ajax Amsterdam
  • 1962 Sparta
  • 1963 Willem II Tilburch
  • 1964 Fortuna '54
  • 1965 Feyenoord Rotterdam
  • 1966 Sparta
  • 1967 Ajax Amsterdam
  • 1968 ADO De Haach
  • 1969 Feyenoord Rotterdam
  • 1970 Ajax Amsterdam
  • 1971 Ajax Amsterdam
  • 1972 Ajax Amsterdam
  • 1973 NAC Breda
  • 1974 PSV Eindhoven
  • 1975 FC De Haach
  • 1976 PSV Eindhoven
  • 1977 FC Twinte Ynskedee
  • 1978 AZ Alkmaar
  • 1979 Ajax Amsterdam
  • 1980 Feyenoord Rotterdam
  • 1981 AZ Alkmaar
  • 1982 AZ Alkmaar
  • 1983 Ajax Amsterdam
  • 1984 Feyenoord Rotterdam
  • 1985 FC Utert
  • 1986 Ajax Amsterdam
  • 1987 Ajax Amsterdam
  • 1988 PSV Eindhoven
  • 1989 PSV Eindhoven
  • 1990 PSV Eindhoven
  • 1991 Feyenoord Rotterdam
  • 1992 Feyenoord Rotterdam
  • 1993 Ajax Amsterdam
  • 1994 Feyenoord Rotterdam
  • 1995 Feyenoord Rotterdam
  • 1996 PSV Eindhoven
  • 1997 Roda JC Kerkrade
  • 1998 Ajax Amsterdam
  • 1999 Ajax Amsterdam
  • 2000 Roda JC Kerkrade
  • 2001 FC Twinte Ynskede
  • 2002 Ajax Amsterdam
  • 2003 FC Utert
  • 2004 FC Utert
  • 2005 PSV Eindhoven
  • 2006 Ajax Amsterdam
  • 2007 Ajax Amsterdam
  • 2008 Feyenoord Rotterdam
  • 2009 SK It Hearrenfean
  • 2010 Ajax Amsterdam
  • 2011 FC Twinte Ynskedee

Namme[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1995 waard bierbrouwer Amstel sponsor fan it bekertoernoai. Feyenoord en FC Volendam spilen de earste finale foar de Amstel Kup, Feyenoord Rotterdam wûn dy wedstryd.

Yn augustus 2005 waard de namme wer feroare. Sûnt dy tiid waard der striden om de Gatoride Kup, ferneamd nei de sportdrankefabrikant Gatorade. Yn it seizoen 2006/2007 hite it toernoai wer KNVB beker mar Gatorade bleau sponsor fan de beker.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]