Kâldepoal

Ut Wikipedy

De kâldepoalen binne de plakken op it Noardlik- en Súdlik healrûn dêr't de leechste temperatuer fan de wrâld metten waard.

Op it súdlik healrûn is de lokaasje it dúdlikste: net sa fier fan it Russyske Antarktyske Vostokstasjon waard op 21 july 1983 in temperatuer fan -89,2° C metten. Dat is de leechste temperatuer ea op Ierde metten, ûnder natuerlike omstannichheden.

Op it Noardlik healrûn binne mear as ien lokaasje dêr't fan sein is dat dêr de leechste temperatuer metten is: Verchojansk en Ojmjakon, twa stêden yn de Russyske republyk Sacha. Op 15 jannewaris 1885 waard yn Verchojansk troch wittenskipper Alexander von Bunge in temperatuer fan -67,1°C registrearre; en yn febrewaris 1892 waard in noch legere temperatuer fan -69,8°C waarnaam. Yn it ferslach fan de waarnimmer waard lykwols in mjitflater konstatearre fan 2°C.[1][2] Dy mjitfout waard korrigearre, dat no wurdt -67,8°C oanhâlden as de leechste temperatuer dy't ea yn Verchojansk metten is, 0,1 graad leger as. It temperatuersferskil tusken winter en simmer is op mar in pear plakken grutter as yn Verchojansk. It kin oprinne ta mear as 100°C ferskil, want it waarmterekord is dêr 37,3°C.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1], titel:Росгидромет: «У Верхоянска есть право официально именоваться Полюсом холода», 13 oktober 2005; SakhaNews
  2. [2]; Полюса холода; Geografia