Juw Juwinga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Juw Juwinga fan Boalsert (berne ? - by Skoattersyl, 29 augustus 1396) wie de alfte potestaat fan Fryslân.

De namme wurdt ek wol skreaun as Julius Jongema, en soms as Ju Jonghema. Juw hat fochten tsjin de greven fan Hollân en waard deamakke op 29 augustus 1396, yn de slach by Skoattersyl yn Weststellingwerf tsjin Albrecht fan Beieren.

It famyljewapen fan it eale geslacht Juwinga is in giel fjild mei trije spoekjes, 2 boppe en ien ûnder.

Petrus Thaborita skriuwt oer Ju Jonghema, dat Starum troch de Hollanners tebaarnd en berôfd waaard en dat Ju yn 1396 stoar mei in soad oare eale "Vriefen", mei-inoar 600 man.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Literatuerferwizing[bewurkje seksje | edit source]

  • J.H. Brouwer, J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma eds., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) s.v. Juw Juwinga.