Jurjen Mellema

Ut Wikipedy
Fractievoorzitters Biesheuvel (ARP), Mellema (CHU) en Schmelzer (KVP) oerlizze (26 febrewaris 1968)
Mellema yn in keamergearkomst oer it wizigjen fan in haadstik út de ryksbegrutting. 26 febrewaris 1968.

Jurjen Tammo (Jur) Mellema (Nij-Scheemda (Grinslân) 18 septimber 192311 maaie 2017) wie in Grinzer heareboer, dy't yn jierren sechtich yn de Twadde Keamer it wurd fierde foar de CHU oer lânbou en keninkrykssaken. Hy folge yn 1967 Beernink op as fraksjefoarsitter. Hy besocht om fan de CHU in moderne partij mei in sintrum-politike ynstelling te meitsjen en sa om har ryp te meitsjen foar de kristendemokratyske fúzje. Hy lansearre de slogan "samen uit, samen thuis". Mei Schmelzer en Biesheuvel hold er it Kabinet-De Jong oerein. Op 26 juny 1968 joech er it fraksjefoarsitterskip oer nei in feroardieling ta twa wiken finzenis fanwege it ûnder ynfloed fan alkohol feroarsaakjen fan in ferkearsûngemak. Fierders waard syn riidbewiis foar 1 jier ynholden.

Neitiid wie Mellema foarsitter produktskip. Hy hie yn 'e jierren santich in ferhâlding mei Carla Mutsaerts, de frou fan Norbert Schmelzer, mei wa't er op 9 maaie 1980 troude, nei't harren beider houliken ûntbûn wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: