Junkers Ju 88

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Junkers Ju 88
Ju 88A boppe Frankryk, 1942
Junkers Ju 88 A-4 fan de Finske Loftmacht

De Junkers Ju 88 wie in twa-motorige middelswiere bommewerper fan de Dútske fabrikant Junkers. It tastel wurdt beskôge as ien fan de bêste fleanmasines fan de Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich.

De Ju 88 wie in fleanmasine mei in brede tapassing. It waard ynset as jachtbommewerper, nachtjager (Ju 88C), (dûk)bommewerper, torpedobommewerper en ferkenningsfleanmasine en tsjin de ein fan de oarloch as fleanende bom. Tsientallen farianten ha der west.

Yn de Twadde Wrâldoarloch is it tastel ek as nachtjager fan de Fliegerhorst Deelen ôf ynset dêr't de 2e Gruppe Nachtjagdgeschwader stasjonearre wie. It tastel tsjinne oan alle fronten fan beset Jeropa.

Der binne sa'n 15.000 eksimplaren fan boud.

Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

(útsein de jachtfarianten)

  • Motors: twa Junkers Jumo 211, 1200 pk it stik
  • Bewapening: oant 1650 kg bommen, fjouwer 7,92 mm mitrailleurs
  • Heechste faasje: 450 km/o op 6000 m hichte
  • Fleanberik: 1000 km mei normale bomlading
  • Fleanplafond: 8750 m
  • Bemanning: 3

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]