Julius Agrikola

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In stânbyld fan Julius Agrikola wat stiet yn Bath

Julius Agrikola, folút yn Latynsk: Gnaius Julius Agricola (13 july 40 - 23 augustus 93) wie ien fan Rome's bêste generaals, en heart yn de rige Skipio, Marius, Sulla en Germanikus. Hy hie ferskate funksjes, wêrûnder dy fan legerlieder fan it tweintichste legioen yn Brittanje, gûverneur fan Akwitaanje en gûverneur fan Brittanje. Under syn befel waard de oermastering fan Brittanje troch de Romeinen ôf makke.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Agrikola waard berne yn 40 n. Kr. yn Forum Julii (Fréjus). Syn heit wie senator en syn mem in ûntwikkele frou, dy't him nei Grykske skoallen yn Marseille stjoerde. Syn karriêre begûn al op jonge jierren as ofsier yn it leger. Hy tsjinne ynnearsten yn Brittanje (58-61) en dêrnei noch in skoft yn Aazje. Nei in bestjoerlike funksje yn Rome krige er it befelhawwerskip oer it leger yn Brittanje (70-74) en dêrnei it gûverneurskip fan earst Akwitaanje (Súdwest-Frankryk) en dêrnei Brittanje (77-83).

Yn Brittanje wreide Agrikola de Romeinske macht sterk út. Troch keizer Fespasianus konsul makke, oermastere hy Noard-Wales en Anglesey (78), en loek dêrnei yn noardlike rjochting troch Ingelân en besette súd-Skotlân (fan 80 ôf), en boude in rige fan forten tusken de Firth of Forth en de Firth of Clyde. Yn de Slach by Mons Graupius (± 84) fersloech hy de Kaledoanjers. Agrikola stjoerde in float út dy't om Brittanje hinne fear en de Orkneys ûntdekte. Yn 85 waard hy werom roppen nei Rome. Under de paranoide wurdende keizer Domitianus krige Agrikiola net mear in wichtich kommando.

Agrikola is yn de skiednis bekend as ien fan Rome syn bêste generaals. Utsein de oermastering fan sawat hiel Brittanje hie hy ek de hân yn it begjin fan de romanisearring fan dizze nije provinsje. Op syn oanstean waard in protte boud en wegen oanlein. Ek yn fredestiid wie hy in goed lieder.

Agrikola waard meast bekend troch de biografy dy't troch de skoansoan fan histoarikus Tasitus skreaun is.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]