Springe nei ynhâld

Judith Schalansky

Ut Wikipedy
Judith Schalansky.

Judith Schalansky (Greifswald, 20 septimber 1980) is in Dútsk skriuwster en yndustrieel ûntwerpster.

Schalansky studearre keunstskiednis en kommunikaasje-design. Yn 2009 ferskynde har boek Atlas der abgelegenen Inseln, in beskriuwing fan de skiednis fan fyftich eilannen oer de hiele wrâld. Se makke ek de yllustraasjes. Dizze atlas is yn 2014 yn it Nederlânsk ferskynd ûnder de titel: De Atlas van Afgelegen Eilanden mei de ûndertitel: Vijftig eilanden waar ik nooit ben geweest en ook nooit zal komen. It sidenûmer mei beskriuwing fan it eilân, is op OpenStreetMap [1] opnaam as Schalansky_ref [2]

Schalansky is yn Nederlân fral ferneamd troch har twadde roman, Der Hals Der Giraffe, wer mei selsmakke yllustraasjes, dêr't yn Dútslân goed 125.000 stiks fan ferkocht waarden. It boek waard yn it Nederlânsk oerset ûnder de titel De lessen van mevrouw Lohmark. Yn 2012 trede se op yn it festival Crossing Border, mar gruttere bekendheid krige hja troch in optreden by Adriaan van Dis, dy't yn it ramt fan de Boekewike en frege troch Matthijs van Nieuwkerk, presintator fan De Wereld Draait Door, yn maart 2013 yn dat programma ien kear it programma Hier is... Adriaan van Dis fannijs fersoarge. Dêrnei stie de De lessen van mevrouw Lohmark in tal wiken yn de bestsellerlist fan de CPNB.

Sûnt maitiid 2013 jout hja by Matthes & Seitz Berlin de boekerige Naturkunden út.[1] Fan Der Hals Der Giraffe en Atlas der abgelegenen Inseln binne teäterferzjes makke.

Se wennet en wurket mei har partner yn Berlyn.

  • Fraktur mon Amour (2006)
  • Blau steht dir nicht (2008)
  • Atlas der abgelegenen Inseln (2009) (yn it Nederlânsk "De Atlas van Afgelegen Eilanden" ISBN 9789056724900)
  • Der Hals der Giraffe (2011) (yn it Nederlânsk De lessen van mevrouw Lohmark)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederlânsktalige Wikipedy: Judith Schalansky
  1. Naturkunden Vorstellung und Rezension der Buchreihe durch Dirk Hohnsträter, sjoen op 1 novimber 2013.