Juancho E. Yrausquin Airport

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Juancho E. Yrausquin Airport
Saba Flughafen.jpg
Basisynformaasje
Namme Juancho E. Yrausquin Airport
Lokaasje Saba, Nederlânske Antillen
Status Ticht foar kommersjele

flechten. Winair wurdt doocht.

Hichte boppe de

seespegel

18 meter
Lingte lâningsbaan 396 meter
Undergrûn Tarre
Koördinaten 17°38′43″N

63°13′14″W

Juancho E. Yrausquin Airport is it ienichste fleanfjild op it eilân Saba fan de Nederlânske Antillen. It fleanfjild hat in lâningsbaan fan 396 meter, dêr't it mei it lytste kommersjele fleanfjild fan de wrâld is.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Ynformaasje

It Yrausquin Fleanfjild beslacht in grut part fan it eilân. Neffens kenners is it in relatyf gefaarlik fleanfjild, omdat oan de iene kant hege rotsen binne en oan de beide úteinen de lâningsbaan ophâldt mei in hege klif yn see. Dêrtroch kin it wêze dat in piloat de lâningsbaan foarby giet by it lânjen of opstigen dêr't it fleantúch troch oer de kliffen yn de see falle kin.

Offisjeel is it fleanfjild sluten, dat wurdt oanjûn mei twa krusen op elts ein fan de lâningsbaan, wat betsjut dat it fleanfjild foar kommersjele fleantugen net iepen is. Dochs kin der mei spesjale tastimming fan de autoriteiten gebrûk makke wurde fan it fleanfjild.

Fan Sint-Marten ôf kin it fleanfjild fanút inkele plakken lizzen sjoen wurde.

[bewurkje seksje] Fasiliteiten

Trochdat it fleanfjild sa’n koarte lâningsbaan hat, 396 meter, kinne der allinnich mar lytse fleantúchjes op it eilân komme. Op it fleanfjild is in lytse terminal en oan de noardkant kin in helikopter lânje. It fleanfjildgebou jout plak oan kantoaren fan Winair, ymmigraasje en feilichheid en in brânwachtpost mei ien wein. Op it fleanfjild is gjin brânstof foar de fleantugen oanwêzich.

De lâningsbaan fan it Yrausquin Fleanfjild.

[bewurkje seksje] Maatskippijen en bestimmings

De ienichste fleanmaatskippij dy’t op it eilân fleant is Winair. Dy fleant alle dagen fan en nei Sint-Marten, Sint Eustaasjes en Sint Kitts. De flecht nei Sint-Marten duorret likernôch 12 minuten.

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen