Jouster Toer

Ut Wikipedy
De Jouster Toer

De Jouster Toer is de tsjerketoer fan de Herfoarme tsjerke op 'e Jouwer. De toer bepaald it oansjen fan de Midstrjitte. Dat wurdt fersterke trochdat de toer in tal meters fierder nei foaren boud is as de rest fan de huzen en winkels. De toer stiet der hast midden-yn.

Grytman Hobbe fan Baerdt lei op 8 augustus 1628 de earste stien. De Herfoarme tsjerke dêr't er by heart is boud yn 1644. Yn 1939 is de tsjerke op 'en nij boud omdat in grutte brân de tsjerke bot skansearre hie.

De Jouster toer is in renêssânse toer. Hy hat fjouwer klokken dêr't de âldste fan út de 16e iuw komt. Yn 1953 hat Douwe Egberts it karriljon mei 37 klokken jûn. Dat karriljon is no mei 39 klokken ien fan de grutste yn Fryslân wat klank en gruttens oanbelanget. Alle woansdeis- en sneonstemiddeis om trije oere is it kariljon te hearren.

De Jouster Toer hat in toerkeammerke dat oant de 17e iuw brûkt waard foar de rjochtspraak. Dy rjochtsprekkeamer is krekt as de rest fan de toer te besjen as part fan it Jouster Kuierke.